Baywatch Nights
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele trochMichael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
David Hasselhoff
produsintJohn F. Burnett
Francis Conway
James Pergola
Bruce A. Pobjoy
útfierend
   produsint
Michael Berk
Douglas Schwartz
Gregory J. Bonann
David Hasselhoff
Maurice Hurley
tillefyzjestudioThe Baywatch Company
Tower 12 Productions
Tower 18 Productions
spilers
haadrollenDavid Hasselhoff
Gregory Alan Williams
Angie Harmon
Lisa Stahl
Lou Rawls
Eddie Cibrian
Donne D'Errico
Dorian Gregory
skaaimerken
sjenredetektivesearje
science fiction-searje
seizoenen2
jierren19951997
tal ôfl.44
spyltiid (ôfl.)45-48 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taalIngelsk
besibbe searjesBaywatch

Baywatch Nights wie in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't rûn fan 1995 oant 1997. It wie in spin-offsearje fan 'e bekendere en tige populêre aksjesearje Baywatch, yn 'e foarm fan in detektivesearje dy't healwei oergie yn in science fiction-tillefyzjesearje. Baywatch Nights wie gjin grut súkses, en waard nei twa seizoenen omreden fan ôffallende sjochsifers stopsetten.

Produksje

Baywatch Nights wie in tillefyzjesearje fan deselde filmprodusinten as Baywatch, dêr't it fan ôflaat wie. De searje waard makke troch Michael Berk, Douglas Schwartz, Gregory J. Bonann en David Hasselhoff, foar The Baywatch Company.

It oarspronklike útgongspunt fan Baywatch Nights wie dat plysjeman Garner Ellerbee, in personaazje dat diel útmakke fan 'e fêste cast yn Baywatch, in midlifekrisis kriget en beslút om ûntslach te nimmen. Hy begjint dêrnei in detektiveburo, en syn maat, strânwacht Mitch Buchannon, beslút om him te helpen en wurdt syn sakepartner. De beide mannen krije dan fersterking fan 'e froulike privee-detektive Ryan McBride.

Sjonger Lou Rawls, dy't de titelsong fan 'e searje, After the Sun Goes Down, ynsong, spile yn it earste seizoen de rol fan Lou Raymond, de eigner fan in nachtklub dêr't de detektives kantoarromte hiere. Midden ûnder it earste seizoen waarden twa nije castleden yntrodusearre: Griff Walker en Donna Marco.

Oan 'e ein fan it earste seizoen bedarren de sjochsifers fan Baywatch Nights, dy't dochs al nea de sjochsifers fan Baywatch belykje koene, yn in frije fal omleech. De produsinten lieten har doe ynspirearje troch it súkses fan The X-Files, en besleaten foar it twadde seizoen oer te gean fan in detektivesearje op in science fiction-tillefyzjesearje. It personaazje Garner Ellerbee waard út 'e searje skreaun en ferfongen troch Diamont Teague, in ekspêr op it mêd fan it paranormale. Dy feroarings mochten net bate, en de produksje fan Baywatch Nights waard nei twa seizoenen stopset.

It personaazje Donna Marco, spile troch Donna D'Errico, makke neitiid de oerstap nei de oarspronklike Baywatch-searje.

Rolferdieling

haadrollen
personaazje akteur/aktrise fêste rol yn
Mitch Buchannon David Hasselhoff seizoen 1 en 2
Garner Ellerbee Gregory Alan Williams seizoen 1
Ryan McBride Angie Harmon seizoen 1 en 2
Destiny Desimone Lisa Stahl seizoen 1 ôfl. 1–10
Lou Raymond Lou Rawls seizoen 1
Griff Walker Eddie Cibrian seizoen 1 ôfl. 11-22, en seizoen 2
Donna Marco Donna D'Errico seizoen 1 ôfl. 11-22, en seizoen 2
Diamont Teague Dorian Gregory seizoen 2


crossovers út Baywatch
personaazje akteur/aktrise te sjen yn
Eddie Kramer Billy Warlock seizoen 1 ôfl. 14
Mike "Newmie" Newman Michael Newman seizoen 1 ôfl. 14 en 16; seizoen 2 ôfl. 8
Caroline Holden Yasmine Bleeth seizoen 1 ôfl. 16
Stephanie Holden Alexandra Paul seizoen 2 ôfl. 19

Seizoenen

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 22 30 septimber 1995 18 maaie 1996 syndikaasje
2 22 29 septimber 1996 17 maaie 1997

Keppelings om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.