It Bauhaus wie in oplieding foar byldzjende keunstners, ambachtslju en arsjitekten dy't fan 1919 oant 1932 earst yn Weimar en letter yn Dessau festige wie.
Skiednis
De Belgyske arsjitekt-skilder Henry Van de Velde hat by syn ôfskied as direkteur fan de Großherzoglich-Sächsiche Hochschule für Bildende Kunst te Weimar, yn 1918, de Dútske arsjitekt Walter Gropius foardroegen as syn opfolger.
Yn 1919 foeget Gropius syn skoalle by de Grossherzoglich-Sächsische Kunstgewerbeschule en stiftet sa it nije Staatliches Bauhaus Weimar. Gropius syn programma wie in gearfoeging fan plastyske keunsten, ambachtlike technyk en yndustry.
Gropius' studinten ûntwerpe der effisjinte, elegante meubelstikken en gebrûksfoarwerpen, dy't yn strakke linen, ienfâldich fan foarm en tige funksjoneel. De opklapbere meubels, bedoeld foar behindige (arbeiders)wenten, of de frijfeintekast op tsjeltsjes dy't oan twa kanten iepene wurde kinne, falle op in it gamma. Multifunksjonaliteit liket opnij útfûn te wêzen troch Bauhaus. (Mar it bestie al yn de 15e iuw yn Ingelân, makke foar de lytse wenromten fan it personeel fan de grutte bûtenpleatsen.)
De Switserske skilder Johannes Itten joech der in spraakmeitsjende Vorlehre-kursus, bedoeld om oan te trunen ta selswurksumens. Yn 1923, waard de kursus oernaam troch Paul Klee en László Moholy-Nagy. Oare foaroansteande Dútske keunstners sa as Lyonel Feininger, Georg Muche, Oskar Schlemmer en de Russysk-Frânske Wassily Kandinsky sieten ek yn it leararekorps.
Bauhaus is sawol in keunstnersskoalle, in pedagogysk projekt as de widze foar it Bauhaus-ûntwerp. De keunstnersskoalle ûntjoech him fan in akademy fan keunst en arsjitektuer ta in fenomeen. De nije gebouwen foar de skoalle sels of it projekt fan in komplete arbeiderswenwyk yn Dessau, it binne foarbylden fan in spektakulêre moederne arsjitektuer.
Der wurdt ek lesjûn op in folslein nije wize. De studinten moatte harren kreativiteit ûndersykje troch te wurkjen mei de meast útienrinnende materialen. Men hat in grutte driuw ta it ûntwerpen fan arsjitektuer dy't grutte maatskiplike ympakt hawwe sil.
It is al in bytsje frjemd dat men earst yn 1927 útein set mei lesjaan yn arsjitektuer, om't men al yn it begjin de klam op bouwen lein hie yn ferskate manifesten. In protte dosinten en studinten leauwe dat in bettere arsjitektuer en in bettere wenkrite minsken ek bettere minsken opsmite kin, dy't sa bydrage kinne oan in feroare, bettere wrâld. At minsken mar yn luchtige, ljochte rûmtes wenje kin, yn ienfâldige wenblokken sûnder opskik, dan soene sy fansels oars libje, mear mei-inoar ien en lokkiger wurde.
Yn 1925 ferhuze it Bauhaus nei Dessau. Dêr bouden hja in nij kompleks, yn in soarte fan mûnewjukkepatroan fan losse gebouwen. Der wie in gebou foar lesjaan, in gebou foar de studinten, in gebou kombinearre auditoarium en restaurant, in atelier, en in soart brêgegebou dêr't de administraasje húsfêst wie, mei de kantoaren van Walter Gropius en syn arsjitekteburo. Nei de ferhuzing nei Dessau, wurde noch nije yndustriële foarmjouwings oan it programma taheakke, sa as reklametechniken, fotografy, typografy, en der komt omtinken foar ynrjochtingstechnyk fan tentoanstellings. De eigen útjefte fan de Bauhausbücher, mei stikken fan ûnder oaren Piet Mondriaan, Theo van Doesburg, Wassily Kandinsky, Klee, Kazimir Malevitsj en Gropius sels, docht fansels harres ta de bekendheid fan it Bauhaus.
Yn 1928 hâldt stichter Gropius op mei it Bauhaus en wurdt opfolge troch Hannes Meyer, dy't yn 1930 wer opfolge wurdt troch Ludwig Mies van der Rohe.
It Dútske nasjonaalsosjalisme woe neat witte fan it Bauhaus en ferplichte de ferhûzing nei Berlyn yn 1932. Skraachwurk in jier letter waard dit ûnderwiis ferbean.
Leararen en learlingen rekken nei 1933 ferspraat oer de westerske wrâld, mar foaral yn de Feriene Steaten propagearren ûnder oaren Gropius, Mies van der Rohe, Joseph Albers, Moholy-Nagy en Marcel Breuer fierders de ideeën fan it Bauhaus û.o. oan it Black Mountain College te Noard Karolina. Nei de Twadde Wrâldkriich — yn 1950 wie dat — besocht âld-Bauhausstudint Max Bill, yn West-Dútslân,it Bauhaus fuort te setten troch de Hochschule für Gestaltung in Ulm op te rjochtsjen. Dizze skoalle hat lykwols mar oant 1968 bestien.
Berlyn hat sûnt 1979 it Bauhaus-Archiv, in museum oer it Bauhaus.
Foarbyld Bauhaus-styl
- It Engel Hûs yn de Wite Stêd fan Tel Aviv: arsjitekt: Ze'ev Rechter, 1933; ien fan de symboalen fan modernistyske arsjitektuer.
- Festsaal mei in toaniel
- Plafond mei ljochten boppe it toaniel yn de Festsaal
- Balkons fan de sliepkeamers, haadgebou
- Automatysk iepengeande ruten
- De mensa (ytkeamer)
Bauhaus-dosinten
|
|
Besibbe streamings en stilen
Bauhaus design is besibbe oan ûnder oaren de neifolgjende stilen en streamings:
- Modernisme
- De Styl
- Konstruktivisme
- Funksjonalisme
Literatuer
Marty Bax, Bauhaus Lecture Notes 1930-1933. Theory and practice of architectural training at the Bauhaus, based on the lecture notes made by the Dutch ex-Bauhaus student and architect J.J. van der Linden of the Mies van der Rohe curriculum, Amsterdam, Architectura & Natura 1991. ISBN 90-71570-04-5. ISBN 90-71570-05-3
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bauhaus fan Wikimedia Commons. |