Ferskate batterijen: 3R12, R20, R14, R6, R03, R61, 8R23, 6R61, knoopsellen
Dizze side giet oer de elektro-technyske boarne fan enerzjy. Foar de artillery-ienheid, sjoch: batterij (artillery).

In batterij (fan it Frânske batterie) is in elektrotechnyske komponint en spanningsboarne, it is in kombinaasje fan ien of mear elektryske sellen, dy't brûkt wurde foar de omsetting fan opsleine gemyske enerzjy yn elektryske enerzjy. Dat kin wer as elektryske enerzjy - stroom - levere wurde. Histoarysk wurdt in oantal parallel of yn searje skeakele elektrogemyske sellen, Leienske flessen of kondinsators in 'batterij' neamd, yn de folksmûle hat de inkele sel fan de batterij de namme fan it gehiel oernomd.

It symboal foar in batterij yn in elektrysk skema:

It + en - teken wurde faak weilitten omdat oan de grutte fan de "platen" yn de tekening te sjen is hokker side de + en hokker de - is. In ezelsbrechje is dat foar it "+" teken twa kear safolle streek nedich is als foar it "-" teken.

PP7-batterij fan 9 volt

Wurking

By in batterij wurde fia in gemyske reaksje oan de min-poal elektroanen frijmakke, wylst oan de plus-poal op itselde momint fia in oare gemyske reaksje elektroanen bûn wurde. Fia in op de batterij oansluten komponint (bygelyks in lampke) kinne no de elektroanen fanôf de min-poal, troch it lampke, nei de plus-poal streame.

By in oplaadbere batterij binne de gemyske prosessen omkearber: troch it oanlizzen fan in elektryske spanning kin in elektroanenstroom yn omkearde rjochting forsearre wurde en sille de gemyske reaksjes dan omkeard ferrinne: der wurdt dus enerzjy opslein.

In net-oplaadbere batterij makket gebrûk fan gemyske prosessen dy't sa net omkearber binne, sadat in ienris ûntladen batterij net fannijs opladen wurde kin. Wol is der yn it ferline wol besocht om te werladen mei bysûndere techniken.

22,5V-batterij

In batterij bestiet út ien of mear elektrogemyske sellen. De sellen kinne parallel of yn searje skeakele wêze, of in kombinaasje dêrfan. Parallel skeakele sellen leverje deselde elektryske spanning as in inkele sel, mar kinne in gruttere elektryske stroom leverje. Yn searje skeakele sellen leverje in hegere spanning, mar kinne deselde stroom leverje as in inkele sel. Faak yn de praktyk brûkte batterijen, lykas de 9-volt batterij yn konsumintenelektroanika en de 12-volt akku yn auto's besteane út yn searke skeakele sellen. Sawol by de searjeskeakeling as bu de parallelskeakeling is de opgesleine enerzjy yn de batterij lyk oan de som fan de opsleine enerzjy yn de ôfsûnderlike sellen. In batterij wêrfan de reagearjende bestândielen by de wurking noch oanfierd wurde kinne hjit in brânstofsel.

De spanning oan de klammen fan in batterij, de klamspanning, hinget ôf fan de ladingstastân, de ynwindige wjerstân en de belêsting fan de batterij. By belêsting hat in batterij in legere spanning as ûnbelêste meidat de levere stroom in spanningsfal feroarsaket oer de ynwindige wjerstân. De ynwindige wjerstân kin feroarje troch ûntlading en ferâldering fan de batterij.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.