Baskyske wrotmûs
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljewrotmûseftigen (Cricetidae)
skaaifjildmûzen (Microtus)
soarte
Microtus lusitanicus
Gerbe, 1879
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Baskyske wrotmûs (Latynske namme: Microtus lusitanicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola).

Dizze soarte libbet yn it noardwesten fan it Ibearysk Skiereilân, yn noardlik en sintraal Portegal, Galysje, Astuerje, Kantaabrje, Spaansk Baskelân en Kastylje en Leön. Oare kant de Pyreneeën komt er ek foar yn Frânsk Baskelân. De Baskyske wrotmûs, dy't ek wol de Lusitanyske wrotmûs neamd wurdt, waard as soarte beskreaun en erkend yn 1879.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.