Nei de stúdzje genêskunde en it heljen fan alle ko-skippen krijt immen syn as har bul en kin him yn it BIG-register registrearje litte as basisdokter. In basisdokter wurket yn de pasjintesoarch meast ûnder tafersjoch fan in medysk spesjalist (lykas in hûsdokter, bedriuwsdokter of sikehûsspesjalist) oare opsjes binne wurkje as dokter-ûndersiker as yn it management en bedriuwslibben.
In protte basisdokters sille in ferfolchoplieding ta medysk spesjalist folgje wolle. De yn Nederlân wetlik erkende ferfolchopliedingen hawwe de neifolgjende haadgroepen: medysk spesjalist, hûsdokter (mei ferpleechhûsdokter en dokter foar ferstanlik beheinden) en sosjaal genêskundige. Der binne ek net-wetlik erkende ferfolchopliedingen dy't opliede ta bygelyks algemien militêr dokter, tropendokter, kaaksjirurch as allergolooch.