Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Oerisel | |
plak | Swol | |
adres | Ossenmarkt 25 | |
koördinaten | 52° 30' 43" NB, 6° 05' 25" EL | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1394-1399 | |
boustyl | gotyk en neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 41764 | |
Webside | ||
Side tsjerke | ||
Kaart | ||
De Basilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming is de namme fan in midsiuwske krústsjerke oan de Oksemerk yn Swol. De tsjerke wie oarspronklik in kapel, ûnderhearrich oan de Grutte of Sint-Michaelstsjerke, en hjitte doe Us-Leaffrou-Frouwekapel.
Skiednis
It gebou kaam yn fjouwer fazes ta stân. Yn de earste boufaze fan de tsjerke, dy't duorre fan 1394 - 1399, waard it koar boud. Dêrnei waarden it transept en de eastlike travee fan it skip boud, wat yn 1417 foltôge waard. Dêrnei waard it wurk oant 1452 stillein. Yn 1454 wie it skip klear. Fan 1463 - 1484 folge as lêste de toer, bekend ûnder de namme Piperbus om de lantearne mei koepeldak út 1540.
Tusken 1580 en 1810 is de basilyk foar ferskate net-tsjerklike doeleinen brûkt. Yn 1809 waard de tsjerke weromjûn oan de katoliken, dy't it gebou nei de needsaaklike reparaasjes yn 1811 wer yn gebrûk namen. By in restauraasje waarden yn 1871 sydbeuken tafoege; yn 1975 waarden dy wer ôfbrutsen.
Paus Johannes Paulus II ferliende op 18 oktober 1999, by it 600-jierrich bestean, de earetitel fan basilyk.
De tsjerke kaam lanlik yn it nijs nei't yn de nacht fan 19 op 20 augustus 2017 doe't it gebou bekladdere wie mei anty-kristlike gjalpen yn breklik Nederlânsk.[1]
It besjen wurdich
Sûnt Pinksteren 2006 wurde hjir de resten bewarre fan Thomas a Kempis. Dy leine oarspronklik begroeven op Begraafplak Berchkleaster, dêrnei waarden se bewarre yn de Sint-Michaelstsjerke dy't yn 2005 tichtgie.
Ek wurdt dêr in byld fan Sint-Michael bewarre, de skutspatroan oan de stêd Swol. Dat is ôfkomstich fan de eardere Diezerpoarte.
Fotogalerij
- Oargel
- Skryn fan Thomas a Kempis
- Byld fan Sint-Michael
- De toer fan de basilyk
- Glês-yn-lead raam boppe de yngong
- Byld fan Sint-Willibrord
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|