Basilyk fan it Hillich Hert

Basilique du Sacré-Cœur

Lokaasje
lân Frankryk
regio Île-de-France
plak Parys
adresPlace de la Madeleine
koördinaten48° 53 N 2° 20' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomParys
patroanhilligeHillich Hert fan Jezus
Arsjitektuer
arsjitektPaul Abadie
boujier1875-1923
boustylEklektisisme
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side parochy
Kaart
Basilique du Sacré-Cœur (Parys)
Basilique du Sacré-Cœur

De Basilique du Sacré-Cœur (Basilyk fan it Hillich Hert fan Jezus) is in roomske basilyk op de heuvel Montmartre yn it 18e Arrondissement yn Parys. De tsjerke waard boud ta neitins oan de 58.000 deaden fan de Frânsk-Dútske Oarloch (1870-1871). De earste stien foar de bou waard lein yn it jier 1875, yn 1914 wie it bouwurk klear. De ynwijïng folge pas yn 1919, in jier nei de Earste Wrâldkriich.

De Montmartre is 129 meter heech. Hjoed-de-dei binne der in protte toeristen dy't de 222 treppen oprinne om fan de heuvel ôf oer de stêd te sjen. Dêrneist is der ek noch in kabelbaan om de heuvel op te kommen. Toeristen hoege foar de tsjerke gjin yntree te beteljen, de toer en de katakomben binne lykwols net fergees.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Basilique du Sacré-Cœur de Montmartre fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.