Basilikata
Flagge Wapen
Nog geen wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Potenza
Oerflakte 9992
Befolking 597.768
Befolkingstichtens 60
Oare ynformaasje
Heechste punt Serra Dolcedorme: 2267 meter
Oantal gemeenten 131
Provinsjes Matera, Potenza
Utsjoch op it dal fan Basento
Utsjoch op de stêd Matera
De Lukanyske Dolomiten

Basilikata (ek wol Lûkaanje neamd) is in regio yn it suden fan Itaalje, oprjochte yn 1861. De regio grinzget oan Kampaanje yn it westen, Apûlje yn it easten en Kalaabrje yn it suden. It beskikt oer in koarte kuststripe mei de Tyrreenske See en mei de Golf fan Tarente (part fan de Ioanyske See) oan de súdeastkant.

Oer it algemien is de regio bercheftich, mei as heechste punt op de súdlike Apeninen, de Monte Pollino (2197 m). Monte Fulture, yn de noardwestlike hoeke, is in útdôve fulkaan (1310 m). Basilikata is nei it Falle d'Aosta de tinst befolke regio fan Itaalje.

Nijsgjirrichheden

Basilikata is in regio dy't noch net echt ûntdekt is troch it toerisme. De meast nijsgjirrichste stêd om te besjen yn de regio is Matera mei har Sassy. Fierders beskikt it gebiet oer in protte karakteristike lytse plakjes krektas Pistissy, Melfy, Ferrandina en it ferlitten Krako. Tichtby de Ionyske kust, mei syn sânstrânen, leit it archeologyske park fan Metaponto mei ruïnes fan in Grykske timpel út de 7e iuw f.Kr.

Provinsjes en wichtige stêden

ProvinsjeOfkoarting haadstêdWichtige plakken
Matera
MT
Matera Pistissy
Potenza
PZ
PotenzaMelfy

Keppeling om utens

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.