Bartolomeus Dias, Diogo Cão en António Abreu pleatse in padrão
Kaap de Goede Hope
kopy fan it krús yn Lüderitz, Namybje

Bartolomeu Dias (ek Diaz, 1451 – op see tichby Kaap de Goeie Hope, 29 maaie 1500) wie in Portegeesk seefarder en ûntdekkingsreiziger, dy't yn 1488 as earste Jeropeaan Kaap de Goede Hoop rûne. Dêrmei sljochte er it paad foar de earste tocht nei Yndia troch Vasco da Gama.

Eftergrûn fan de tocht

Diogo Cão hie yn twa reizen in grut stik fan de súdwestlike kust fan Afrika ferkend. Hy wie oant Kaap Krús yn Namybje komd, 1500 kilometer benoarden Kaap de Goede Hoop.
De Portegezen hiene boppedat yn Benyn geroften heard oer in kristlik ryk fier yn it easten fan Afrika. Se hopen dat dit it ryk fan de legindaryske Preesterkening Jehannes wie. Dy mytyske figuer soe in machtige bûnsmaat wêze yn de striid tsjin de Moaren. João II stjoerde Pêro da Covilhã en Afonso de Paiva oer lân nei Yndia en Abessynje om mear ynformaasje te garjen, wylst Bartolomeu Dias de seerûte ferkenne moast.

Bartolomeus Dias (de Navarez) reizget yn 1481 nei de Goudkust yn it hjoeddeiske Gana beselskippe troch syn lânsman Diogo d'Azambuja.

Yn 1487 wurdt Bartolomeus Dias der troch de Portegeeske kening op útstjoerd om de westlike kust fierder yn kaart te bringen. Ek moat hy it ryk fan preesterkening Johannes fine en sykje om in seewei nei Ynje. Febrewaris 1488 berikt er it súd-westlikste punt fan Afrika.

De ûntdekkingsreizger neamt it Cabo das Tormentas (Stoarmkaap). Dy namme wurdt letter troch kening Johan II feroare yn Cabo Buena Esperanza (Kaap de Goede Hoop). De kening keas dy namme omdat er hope dat in seewei nei Yndia no gau fûn wurde soe.

It skip fart noch fierder oant de Algoa-baai (by Port Elizabeth), mar dan wol de bemanning net fierder en giet de er op hûs oan.

Under syn lânsman Vasco da Gama begjint Bartolomeus Diaz yn 1497 oan in twadde syktocht nei de trochfeart nei Yndia. Underweis krijt er lykwols it befel werom te kommen nei Portegal.

Yn 1500 begjint Bartolomeus Dias oan syn lêste seereis. Under syn lânsman Pedro Ãlvares Cabral giet er fannijs op 'e siik nei in seewei nei Ynje. Syn skip fergiet lykwols yn in stoarm, iroanysk genôch tichtby fan Kaap de Goede Hoop, de kaap dy't er yn it earstoan 'Stoarmkaap' neamde. Dias ferstjert yn dizze stoarm. Op syn reizen lâns de kust fan Afrika hat Dias in oantal tinktekens efterlitten. Ien dêrfan waard op 25 july 1488 net fier fan it hjoeddeiske Lüderitz yn Namybje oprjochte. It orizjineel stiet yn in museum yn Wynhoeke, mar sûnt it Diaz-jier 1988 stiet op it plak dêr't Dias him delsetten hie in kopy.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.