John Barry Humphries (berne 17 febrewaris 1934 yn Melbourne; ferstoarn 22 april 2023 yn Sydney) wie in Australyske kabaretier, akteur, satirikus en skriuwer. Benammen yn it Ingelsktalige diel fan 'e wrâld waard hy tige bekend mei syn personifikaasje fan ferskillende typkes lykas Sir Les Patterson en Sandy Stone, mar it meast bekend waard Humphries as Dame Edna Everage.
Libben
Humphries waard yn in foarstêd fan Melbourne grutbrocht en gie nei Melbourne University, ear't er in profesjonele aktearkarriêre folge.
Hy hat twa dochters út syn twadde houlik mei Rosalind Tong en twa soannen út syn tredde houlik mei Diane Millstead. Syn fjirde frou, Lizzie Spender, is de dochter fan de Britske skriuwer Stephen Spender.
Barry Humphries ferstoar op 22 april 2023 yn 'e âldens fan 89 jier yn it St Vincent's Hospital fan Sydney as gefolch fan komplikaasjes nei in heupoperaasje.
Karriêre
Yn 'e jierren 1950 reizge Humphries mei in teäterselsskip troch Austraalje en spile er yn Shakespeare-stikken. Faak wie der dan in selsbeneamde kultuerleafhawwer, yn 'e regel de frou fan de boargemaster, dy't it selsskip dan ferwolkomme. As parody op sokke froulju ûntwikkele er de persoan Dame Edna Everage, earst in karikatuer fan de Australyske hûsfrou, en letter in sabeare wrâldstjer dy't bannen hie mei de grutste persoanlikheden fan 'e wrâld. Yn desimber spile Humphries foar it earst yn dy rol yn in Krystrevu sûnder dêr grutte bekendheid mei te krijen.
Humphries ferhuze ein 1950 fan Austraalje nei Londen om dêr in karriêre op te bouwen, mar hy krige ynearsten hast gjin goede aktearrollen. Yn 'e jierren 1960 hied er wat lytse teäterrollen yn Ingelân en toerde er by ferskate súksesfolle gelegenheden troch Austraalje as Edna Everage. In earste besykjen om it karakter by it Ingelske publyk bekend te meitsjen mislearre en tagelyk hied er oant in ûnwenningskuer yn de jierren 1970 problemen mei alkoholisme. Syn ynternasjonale trochbraak kaam yn 1976, doe't in show yn it Londenske West End mei him as Dame Edna yn fjouwer moanne tiid troch hast in heal miljoen minsken sjoen waard.
De personaazjes fan Humphries brochten him ynternasjonale bekendheid en hy ferskynde yn tal fan films, poadiumproduksjes, ienmansshows en televyzjesearjes. Syn op ien nei bekendste type wie de oerflakkige, ûnfatsoenlike, ûnfersoarge en altyd dronken Sir Les Petterson, dy't faak wurke yn politike of diplomatike hoedanigheden (lykas Australysk kultureel attaché yn it Feriene Keninkryk). Hy ûntwikkele ek oare personaazjes, lykas de eameljende trochsnit Austraaljer Sandy Stone.
Humphries wie ek filmprodusint, lânskipsskilder en in ûnderskieden skriuwer. Hy skreau in soad boeken, ûnder oaren twa autobiografyën en twa romans. Ek skreau er fersillende stikken en makke er tsientallen opnames. Humphries' stripferhalen oer de persoan Barry McKenzie, in parody op in Austraaljer dy't yn Londen wennet, waard mei tekenings fan Nicholas Garland publisearre yn it tiidskrift Private Eye. Syn earste autobiografy More Please waard yn 1993 mei de J.R. Ackerley-Priis foar biografyën ûnderskieden.
Ut en troch wurke Humphries ek yn oare rollen as syn fiktive personaazjes yn film- en televyzjeproduksjes. Yn 1994 spile er de Eastenrykske bûnskânselier Metternich yn 'e film Immortal Beloved. Yn 2003 fersoarge Humphries de stim fan de haai Bruce yn 'e oarspronklike Ingelsktalige ferzje fan 'e Pixar-film Finding Nemo. Hy wie ek de ferteller yn de troch Adam Elliot regisearre Australyske klaaianimaasjefilm Mary & Max (2009). Yn 2012 kaam it earste diel út fan Peter Jackson syn ferfilming fan J.R.R. Tolkien syn boek De Hobbit; wêryn Humphries de stim fan 'e de Grutte Eardske levere.
Filmografy (kar-út)
|
|
|
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Barry Humphries
|