Barry Atsma
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBarry Atsma
nasjonaliteit Nederlânsk
Britsk
berne29 desimber 1972
berteplakLonden (Ingelân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf1993 – no
prizenGouden Keal 2010
Rembrandt Award 2010
offisjele webside
www.barryatsma.nl

Barry Atsma (Londen, 29 desimber 1972) is in Nederlânsk film- en tillefyzje-akeur, dy't behalven de Nederlânske ek de Britske nasjonaliteit hat. Hy waard bekend troch syn rol as Bob Ensink yn 'e dramasearje Rozengeur & Wodka Lime en wûn yn 2010 sawol in Gouden Keal as in Rembrandt Award foar syn haadrol yn 'e film Komt een Vrouw bij de Dokter. Oare bekende rollen fan sines binne Vincent van Gogh yn Van Gogh: Een Huis voor Vincent, Wigbolt Ripperda yn Kenau, Johan de Witt yn Michiel de Ruyter en Hugo Warmond yn Knel.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Atsma waard yn 1972 berne yn 'e Londenske wyk Bromley, dêr't syn âlden doe wennen om't syn heit foar de multinational Unilever wurke. Fanwegen syn berteplak hat Atsma behalven de Nederlânske ek de Britske nasjonaliteit. Om't it gesin omreden fan it wurk fan syn heit gauris ferhúzje moast, brocht Atsma syn jonkheid troch yn ferskate lannen, wêrûnder net allinnich Ingelân en Nederlân, mar ek Grikelân en Brazylje. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, begûn er mei in rjochtestúdzje, mar hy stapte al rillegau oer nei in oplieding oan 'e Hegeskoalle foar de Keunsten Utert, dêr't er yn 1996 ôfstudearre.

Aktearkarriêre

Atsma sette yn 1993 útein mei in wurkpaad as akteur mei in weromkearende rol as Philip Harinxma yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Fierders spile er ier yn syn karriêre Bob Voskuil jr. yn Bureau Kruislaan en hied er gastrollen yn 'e plysjesearje Baantjer en yn 'e komeedzjesearje Ben Zo Terug. Atsma briek troch mei de rol fan Bob Ensink, dy't er fan 2001 oant en mei 2005 fertolke yn 'e dramasearje Rozengeur & Wodka Lime. Fan 2002 oant 2012 makke er diel út fan 'e Toanielgroep Amsterdam, dêr't er net inkeld foar aktearre, mar ek regisearre.

Op 'e tillefyzje hie Atsma yn 2005-2006 de rol fan Felix Waltz yn 'e dramarige Waltz, oer in sirkusfamylje, en yn 2007-2008 de rol fan Jeffrey Woesthoff yn 'e dramasearje Voetbalvrouwen. Hy spile yn 2006 yn 'e minysearje Fok Jou! en hie yn 2007 weromkearende rollen as de tenniscoach yn acht ôfleverings fan Willemspark en as Stag Hartman yn trije ôfleverings fan Gooische Vrouwen. Yn 'e minysearje De Prins en het Meisje, ek út 2007, fertolke Atsma de rol fan prins Constantijn fan Oranje-Nassau fan Amsberg, en yn 'e minysearje Van Gogh: Een Huis voor Vincent, út 2013, spile er keunstskilder Vincent van Gogh. Fierders wied er te sjen yn û.m. Hart tegen Hard (2011) en Het Sinterklaasjournaal (2016), en yn tillefyzjefilms as HannaHannah (2007), Ooit (2008) en Amsterdam (2009).

Op it wite doek makke Atsma yn 2003 syn debút yn De Passievrucht. Letter spile er û.m. yn films as Ik Omhels Je met 1000 Armen (2006), nei it boek mei deselde namme fan Ronald Giphart, Nachtrit (2006), Morrison Krijgt een Zusje (2008) en De Storm (2009). Foar syn haadrol as Stijn yn Komt een Vrouw bij de Dokter (2009), nei de bestseller mei deselde namme fan Raymond van de Klundert, ûntfong Atsma yn 2010 in Gouden Keal en in Rembrandt Award, beide yn 'e kategory bêste akteur. Neitiid spile er yn films as Loft (2010) en Taped (2012), en hied er de rol fan Dennis yn Mannenharten (2013), wêrmei't er syn twadde Rembrandt Award foar bêste akteur wûn.

Yn 'e histoaryske oarlochsfilm Kenau, út 2014, fertolke Atsma de rol fan Wigbolt Ripperda, de kommandant fan it oranjesinnige garnizoen ûnder it Belis fan Haarlim (1572-1573). Datselde jiers spile er ek de rollen fan Jaap van Hoensbroeck yn 'e film Lucia de B. en fan Michael yn 'e Britsk-Dútsk-Kanadeesk-Súdafrikaanske film Hector and the Search for Happiness. Yn 2015 wie Atsma as de Hollânske riedpinsjonaris Johan de Witt te sjen yn 'e histoaryske spektakelfilm Michiel de Ruyter, oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei dy namme, en teffens spile er dat jier jitris de rol fan Dennis, yn 'e ferfolchfilm Mannenharten 2.

Yn 2016 spile Atsma yn Knielen op een Bed Violen, de ferfilming fan 'e bestseller mei deselde namme fan Jan Siebelink. Yn 2017 hied er in rol yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard. Yn 2018 wied er te sjen yn 'e titelrol as fersetsman Walraven van Hall, yn 'e film Bankier van het Verzet. Njonken syn aktearwurk die Atsma yn 2010 voice-overs as de stjoerderstim fan Net 5, en ek presintearre er de dokumintêrerige Down voor Dummies (2014) oer trije famkes mei it syndroom fan Down. Yn 2017 en 2018 hie Atsma ien fan 'e haadrollen yn 'e dramasearje Klem, as belestingynspekteur Hugo Warmond, in widner mei twa dochters, dy't tsjin wil en tank by de ûnderwrâld belutsen rekket.

Priveelibben

Atsma hie fan 1994 oant 2011 in relaasje mei aktrise Izaira Kersten, mei wa't er twa dochters krige. Neitiid sette er him nei wenjen yn Utert en sûnt novimber 2015 hat er in nije relaasje mei aktrise Noortje Herlaar. Atsma is ambassadeur fan it Diabetes Fûns en it Wilhelmina Bernesikehûs. Ek set er him yn foar bern mei it syndroom fan Down.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1993Bureau KruislaanBob Voskuil jr.gastrol; 2 ôfl.
1993Goede Tijden, Slechte TijdenPhilip Harinxmaweromkearende rol; 4 ôfl.
1999BaantjerJelle van Delftgastrol; ôfl. De Cock en de Pianomoord
2000Ben Zo TerugRickgastrol; ôfl. Positief Denken
2001–2005Rozengeur & Wodka LimeBob Ensinkfêste rol; 52 ôfl.
2002BaantjerVincentgastrol; ôfl. De Cock en de Moord in Club Exotica
2005–2006WaltzFelix Waltzminysearje
2006Fok Jou!Fransminysearje
2006De AfdelingAntongastrol; ôfl. A Perfect Match
2007Willemsparktenniscoachweromkearende rol; 8 ôfl.
2007Gooische VrouwenStag Hartmanweromkearende rol; 3 ôfl.
2007De Prins en het MeisjeConstantijn fan Oranje-Nassau fan Amsberg  minysearje
2007HannaHannahWimtillefyzjefilm
nom. Gouden Keal foar bêste byrol fan in akteur
2007–2008VoetbalvrouwenJeffrey Woesthofffêste rol; 16 ôfl.
2008OoitJostillefyzjefilm
2009Amsterdampedofyldirekt-op-fideo útbrocht
2010n.f.t.voice-overstjoerderstim fan Net5
2011Het Gordijnpaleis van Ollie HartmoedDimitrigastrol; ôfl. De Vlinderworp
2011Hart tegen HardPaul Smitfêste rol; 12 ôfl.
2013Van Gogh; Een Huis voor VincentVincent van Goghminysearje
2014Down voor Dummiesas presintatordokudrama oer 3 famkes mei it syndroom fan Down
2014PenozaMaik Kneefelweromkearende rol; 7 ôfl.
2014Alles muß raus: Eine Familie rechnet ab  Oskar Etschminysearje
2014Göttliche FunkenJantillefyzjefilm
2015TatauDriesweromkearende rol; 7 ôfl.
2015Begierde: Mord im Zeichen des ZenRichard Landentillefyzjefilm
2015EpisodesArjen van der Lindenweromkearende rol; 2 ôfl.
2016Sinterklaasjournaalûnderwizergastrol; ôfl. 16.12
2017Die letzte SpurMark Reevetillefyzjefilm
2017–2020KlemHugo Warmondfêste rol; 30 ôfl.
2018–2019The SplitChristie Carmichaelfêste rol; 17 ôfl.
2018–2020Bad BanksGabriel FengerDútsk-Lúksemboarchske searje
2019TatortMaarten Jansengastrol; ôfl. Das Monster von Kassel
2020Lieve MamaLex van der Venminysearje
2021Du sollst nicht lügenHendrik Vossminysearje
2021Make Up Your MindBobbi Bambamdragshow
2021BlackoutAxel Kjærminysearje
2022The Serpent QueenOane fan Montmorencyfêste rôl; 8 ôfl.
films
2002Rita KoelingFreddykoarte film
2003De Passievruchtskilder
2004Bos is BackTriple W
2004Le Ciambellegasthearkoarte film
2005LepelMax
2006Ik Omhels Je met 1000 Armenbarkeeper
2006Nachtritresjersjeur Nijdam
2007Hotel ParadijsChristiaankoarte film
2008Morrison Krijgt een ZusjeSteven
2009De StormAldo Hendriksnom. Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2009NagelatenErik
2009Komt een Vrouw bij de DokterStijnGouden Keal foar bêste akteur
Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2009RemainsErikkoarte film
2010Zwart WaterPaul
2010LoftMatthias Stevensnom. Rembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2012TapedJohan
2012QuizLeo
2013MannenhartenDennisRembrandt Award foar bêste Nederlânske akteur
2014KenauWigbolt Ripperda
2014Lucia de B.Jaap van Hoensbroeck
2014In Jouw NaamTon
2014Hector and the Search for HappinessMichael
2015Michiel de RuyterJohan de Witt
2015Mannenharten 2Dennis
2016Knielen op een Bed ViolenHans
2016Siv Sover VilseBastiaan
2017HHhHKarl Hermann Frankek bekend as The Man with the Iron Heart
2017The Hitman's Bodyguardoanklager fan it ICC Moreno
2018Bankier van het VerzetWalraven van Hall
2020Engelheit Engel
2021The Hitman's Wife's Bodyguardoanklager fan it ICC Moreno
2023KlemHugo Warmond

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.