In Frânske tún (Jardin à la Française) of baroktún is in formele tún, yn in styl basearre op symmetry en it prinsipe fan beoardering fan de natuer. De Frânske styl is ûntstien neffens it model fan de Italjaanske Renêssânse-tún. In bekend foarbyld binne de Frânske tunen yn Versailles.
Koarte skiednis
De eigentlike Frânske tún waard skepen troch André Le Nôtre by it Kastiel fan Vaux-le-Vicomte; letter waard er beneamd ta arsjitekt fan de kening oan it hof fan Versailles. It slagge Le Nôtre en bring symmetry oan, troch grutte gersfjilden mei parterres en strak knipte hagen yn strakke linen en buksushaachjes te ferwurkjen yn in harmonieus lânskip.
Neidat Le Nôtre syn namme ynternasjonale klank krige hie, wreide dy túnstyl him rillegau út nei oare Europeeske hoven. Yn in protte lannen ferskynden pompeuze paleizen mei in strakke Frânske tún.
Flak foar de Frânske Revolúsje rekke de styl yn de nederklits; in soad arsjitekten keazen doe foar de Ingelske tún.
In protte Frânske kastielen, benammen de grutte Renêssânsekastielen in de Loirefallei, hawwe no noch Frânske tunen.
Bekende Frânske tunen
- Tún yn Château de Versailles troch André Le Nôtre, túnarsjitekt fan de kening.
- Tunen fan it Kastiel fan Villandry yn de Loirefallei.
- Tún fan Diane de Poitiers fan it Kastiel fan Chenonceau.
- Guon tunen fan de kastielen fan de Loire.
- Tún fan Paleis it Loo yn gemeente Apeldoarn.
- Jardin des Tuileries Parys