Barnstienrûtes, haadrûtes
Eastlike barnstienrûte yn de Romeinske tiid

In barnstienroute is in hannelswei út de âldheid, dêr't rauwe barnstien (fossyl hars) fan de fynplakken oan de Eastsee en Noardsee (Denemark) nei ôfnimmers yn it Middellânske Seegebiet oer ferfierd waard. Dêrwei waard it barnstien ferhannele mei Aziatyske en Noard-Afrikaanske lannen, bygelyks oer de âlde siderûtes.

Allinne de rûte yn Eastenryk, de Alpenrûte en de wei besuden fan de Alpen binne goed dokumintearre. De hannelers sochten de meast feilige diken foar har kostbere fracht, dat dy feroaren sa no en dan. At it heal koe reizgen sy troch rivierdellings en oer feilige pleisterplakken om te oernachtsjen.

Yn de Romeinske tiid roan de haadrûte fan de Baltyske kusten yn Prusen troch it lân fan de Boii (yn wat no Tsjechje en Slowakije is) nei de kop fan de Adriatyske See (no Golf fan Feneesje ). Yn it grêf fan farao Tûtangamon is Baltyske barnstien fûn en yn de timpel fan Apollo yn Delfy waard barnstien fan de Noardseekust as offer brûkt. Ut it Heine Easten wei waard de barnstien ferhannele mei Aziatyske lannen, oer de âlde siderûten.

De âlde Prusyske stêden oan de Baltyske kust, Kaup en Truso wienen begjinpunten fan de eastlike rûte nei it suden ta. Faaks hat de barnstienhannel troch ynfloeden út it Middellânske gebiet nei Skandinaavje te bringen in rol spile by it opkommen fan de Noardske Brûnstiidkultuer dêre.

De oblast Kaliningrad wurdt somtiids wol Янтарный край neamd, dat betsjut 'barnstiengebiet'.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.