Barnstien
Barnstien mei ynsekten
Barnstien mei opsletten kakkerlak
Sieraden fan barnstien
Barnstienfisker op it Eastseestrân by Dantzig, Poalen

Barnstien of amber (fan it Frânske ambre, dat fia-fia weromgiet op it Perzyske ambar) is in fossyl hars dat fan nullebeammen komt (Pinus succinifera). De hars is miljoenen jierren lyn út de beammen frijkaam en dêrnei ferstienne. Barnstien stammet út it Mesosoïkum oant it Kwartêr. Eartiids waard in grutte mannichte hars produsearre troch beammen yn it Eastseegebiet. Nei de iistiid is it barnstien út de grûn spiels en yn see te lâne kaam. Jonger, net fossilisearre barnstien hjit 'kopal'.

Barnstien is meast waarmgiel oant donkerread fan kleur, mar der binne ek mear grien-, blau- of sels swartkleure soarten. Trochsichtich barnstien wurdt yn 't generaal it moaist fûn en is it djoerst. Amber is ek in dûnkergielige kleur.

Mineralogysk besjoen hat barnstien in amorfe struktuer. It is frij sêft, de hurdensgraad is 2-2,5.

Etymology

It wurd barnstien - Dútsk Bernstein - komt fan it Nedersaksysk wurd börnen dat 'baarnen' betsjut. De healedelstien wol yndie baarne. Barnstien hjit yn 't Ingelsk amber. Yn it Nederlânsk ek wol, mar meast wurdt mei amber de kleur amber bedoeld, as in guod út de terms fan de potfisk wat wol yn rûkersguod ferwurke wurdt.

De Romeinen begrypten al dat barnstien earst floeiber wie en dat der sa ynsekten yn fêstrekke wiene. Dêrom neamden hja de stien succinum oftewol 'gom-stien'. De namme komt no noch ûnder mear foar yn succinic acid (barnstiensoer), yn de wittenskiplike namme foar de dinnesoarte Pinus succinifera en foar in groep lânslakken, de Barnstienslakken, mei harren barnstiengiele slakkehûs (Succinea putris).

Barnstien wurdt elektrysk laden troch wriuwen oer in bistefacht. Om dy reden is de term elektrisiteit ôflaat fan it Gryske wurd foar barnstien, elektron (Latyn: electrum).[1]

Gemy

Barnsteen bestiet fral út koalwetterstoffen, meast koalhydraten meidat it út organysk guod ûntstien is. Under de ferstienning fan de hars binne de koalhydraten alle soerstofatomen ferlern. De koalwetterstoffen kinne tige lange keatlings foarmje, saneamde makromolekulen. Meidat it barnstien út koalwetterstoffen bestiet wol it baarne.

Fynplakken

It wichtichst fynplak fan barnstien is it Eastseegebiet. It skiereilân Samlân yn it Russyske oblast Kaliningrad is goed foar 90% fan de wrâldproduksje (de oblast Kaliningrad wurdt somtiids wol Янтарный край neamd, dat betsjut 'barnstiengebiet').
Barnsteen wurdt lykwols ek op it strân fûn. Fral yn Denemark spielt it noch oan, mar ek op de Nederlânske waadeilannen. Eartiids wie Denemarken see mei eilannen. Dêrom wurdt dêr ek op itsrân barnstien fûn. Lytse bytsjes wurde fûn yn Syrië, Libanon, Tailân, Fietnam, Kanada, de FSA en Dútslân. Blauwe barnstien ('blauwe amber') wurdt fûn yn de Dominikaanske Republyk.

Gebrûk fan barnstien

Yn alle perioaden fan de prehistoarje waard barnstien brûkt as sieraad en foar knopen. De rindierjagers fan de Hamburchkultuer, dy't om 11000 f.Kr. hinne, oan de ein fan de lêste iistiid omreizgen brûkten barnstien. Barnstien is op pakken fan harren eardere kampen yn Nederlân opdold by Oerterp, Vledder, by Swifterband en yn hunebêden. Klaai en fean binne geunstich foar de konservearring fan barnstien. Yn sângrûn ferwaret it gau en krijt it ek in sânkleur. Faaks wurdt it dêrom net faak fûn yn mesolityske delsettingen op Nederlânske sângrûnen.

Barnstien yn de mytology

Yn de Grykske mytology liet de god Helios op in dei syn soan Feton de sinnewein bestjoere. Phaeton koe de hynders lykwols net op 'e team hâlde, dêrom ferskroeide de sinne himel en ierde. Sadwaande krigen de minsken yn Etioopje harren donkere hûd. Om de ierde te rêden smyt Seus mei wjerljocht nei Feton dy't dêrtroch dea delfalt. De susters fan Feton, de Heliaden, beskriemden him. Harren triennen stjurje op 'e grûn ta barnstien.

De Grykske mytologyske Elektra wurdt identifisearre mei barnstien (sjoch boppe ûnder Etymology). Barnstien kaam neffens de Griken fan de barnstieneilannen yn de mûning fan de legindaryske Barnstienrivier yn it hege Noarden, de Eridanos.

Barnstienrûtes

Yn de âldheid waard barnstien mei in protte winst ferhannele. Karavanen hawwe iuwenlang foar Kristus de fynplakken oan de Eastsee (Estlân) en Noardsee (Denemarken) mei de ôfnimmers yn it Middellânske Seegebiet ferbûn oer de ferskate barnstienrûtes.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Naamgeving van Elektron
  • (ned) Schoo, J., 1933. Het barnsteeneiland Austeravia en de barnsteenrivier Eridanus. Tijdschrift van het Koninklijk Nederlandsch Aardrijkskundig Genootschap, 50: 13 s.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.