Barnes Neville Wallis (Ripley, Derbyshire, 26 septimber 1887 - Leatherhead, Surrey, 30 oktober 1979) wie in Britske wittenskipper, yngenieur en útfiner. Hy waard it meast ferneamd troch it útfinen fan de dosserbom dy't de RAF brûkte om keardamen yn it Dútske Ruhrgebiet oan te fallen yn maaie 1943 yn de Twadde Wrâldkriich.
Biografy
Wallis waard berne yn Ripley, Derbyshire. Nei de middelbere skoalle gie er yn 1905 oan 't wurk by de Thames Engineering Works yn Blackheath, súdeast Londen. Fuort dêrnei waard er learling-skipsboukundige by J. Samuel White en folge er in oplieding wurktúchboukunde oan de Universiteit fan Londen.[1] Rillegau krige er mear niget oan loftfearttechnyk en gie er oan 't wurk by de Britske fleanmasinefabrant Vickers.
Hy die ek mei oan it ûntwerpen fan loftskippen. Hy wie in pionier yn it brûken fan lichte legearingen en wie nau belutsen by de produksje fan de R100. Nettsjinsteande de bêste prestaasjes fan de R100 en oare loftskippen, waard de ûntjouwing fan loftskippen yn it generaal net trochset om reden fan in tal ûngemakken dêr't dy mei de LZ129 "Hindenburg" it bekendst fan is. Dêrnei rjochte Wallis him op tal fan oare projekten anneks oan de loftfeart.
- Stânbyld fan Barnes Wallis yn Herne Bay, Kent
- Wallis syn grêf yn Effingham
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|