Barnabas (ek Sint-Barnabas, Joazef fan Syprus of de apostel fan Antiochje en Syprus; begjin 1e iuw, Palestina – Salamis (Syprus), 61) wie, alhoewol't hy net ta de tolve apostels hearde, in wichtige apostel út de earste iuw nei Kristus. Syn oarspronklike namme wie Joazef en hy wie ôfkomstich fan Syprus. De apostelen joegen him de namme Barnabas, dat "soan fan de fertreasting" betsjut (Hannelingen 4:37). Guon bibelgelearden stelle lykwols dat de namme "soan fan Nebo" betsjut.
Barnabas wurdt omskreaun as in wichtige skeakel tusken de apostelen yn Jeruzalim en de bekearde Paulus, tusken joadske en net-joadske kristenen en tusken de twa kristlike gemeenten fan Antiochje en Jeruzalim.
Libben
Barnabas wie in tawijd kristen út Syprus, wêr hy in soad lân besiet dat hy ferkocht en de opbringst dêrfan oerdroech yn de jonge kristlike mienskip. Hy wie de apostel dy't it opnaam foar de ta it kristendom bekearde kristenferfolger Paulus, dy't doe noch Saulus hiet, wylst de oaren it net op Paulus stean hiene, om't hja tochten dat dy him allinnich mar foardie as kristen.
Tegearre mei Paulus reizge Barnabas nei in kristlike gemeente fan benammen net-joaden yn Antiochje. In soad Griken wiene dêr ta it leauwen yn Jezus Kristus kaam en doe't de gemeente yn Jeruzalim dat fernaam stjoerden se Barnabas en Saulus nei dizze gemeente om harren dêr in jier lang te ûnderwizen. Doe't der ûnder keizer Klaudius in yn oerienstimming mei de wurden fan de profeet Agabus in grutte hongersneed yn Judéa ûntstie, sette Barnabas tegearre mei Saulus hjir in grutte solidariteitsaksje op om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers yn Jeruzalim en Judéa.
Ienris waard Barnabas tegearre mei Paulus foar in god oansjoen. Dat barde yn Lystra doe't Paulus in man dy't nea rinne kind hie hiet om wer te rinnen. Doe't de man yndied stean gyng en rûn tochten de minsken dat Barnabas Zeus wie en Paulus Hermes. It koste de twa apostels in protte krewearjen om de lju oan it ferstân te krijen dat hja ek mar gewoane minsken wiene. Mar krekt as yn Ikonium besochten hjir ek joaden de beide apostels te stiennigjen en dêrom reizgen hja doe fierder nei Derbe.
Mei't der jimmeroan mear net-joaden ta it kristlike leauwen oergyngen, kaam fan joaden út Judéa de fraach oft dizze eardere heidenen harren ek neffens de wet fan Moazes besnije litte moasten. Dit makke de jonge net-joadske gemeente yn Antiochje oerémis en Paulus en Barnabas gyngen nei Jeruzalim om dêr mei de apostels en de âldsten oer dizze saak te praten. Lang net elkenien tocht itselde oer it antwurd op dizze fraach en it liede ta in grutte striid yn de jonge mienskip. Inkelde eardere Fariseeërs dy't kristen woarn wiene, stiene der op dat ek de net-joaden harren besnije litte moasten. Barnabas en Paulus wisten de harkers lykwols te oertsjûgjen dat it besnijen net nedich wie om beholden te wurden, ommers God hie de Hillige Geast likegoed oan de bekearde heidenen jûn as oan de bekearde joaden. Barnabas, Paulus en mei har Judas en Silas gyngen dêrnei nei Antiochje mei in brief, wêryn't it beslút stie dat de net-joadske kristenen gjin oare ferplichtings oplein krige, útsein it ferbod op it nimmen fan fleis fan offers fan ôfgoaden, fan bloed, fan fleis wêr't noch bloed yn sit en fan ûntucht. De gemeente yn Antochje wie optein doe't de brief oan har foarlêzen waard en Judas en Silas bleaune noch in skoftke ear't hja werom reizgen.
Koart nei't de Konsylje fan Jeruzalim byinoar wie kaam der troch in bittere striid in ein oan de gearwurking tusken Paulus en Barnabas. Paulus beskuldige Barnabas der fan dat hy him beynfloedzje liet troch de joadsk-kristlike delegaasje fan Jeruzalim (Galatiërs 2:13). Paulus woe boppedat mei Barnabas op 'e nij alle stêden oandwaan, wêr't de beide apostels earder it bliid boadskip ferkundige hiene. Barnabas woe dan ek Jehannes Markus, dy't oan him besibbe wie, meinimme, mar dat wie Paulus min nei't sin om't dy harren earder yn Pamfylje yn 'e steek litten hie. De twa krigen hjir spul oer en lang om let gyngen hja elk in eigen wei. Barnabas gyng mei Jehannes Markus nei Syprus, wylst Paulus tegearre mei Silas troch Syrje en Sylysje teagen.
De dea fan Barnabas
Neffens de tsjerklike tradysje ferstoar Barnabas yn it jier 61 op Syprus. Hy waard begroeven yn it antike Salamis, tsjintwurdich in ruïnestêd noardlik fan Famagusta yn it troch de Turken besette diel fan eilân. De oanwêzichheid fan it grêf ferliende de legitimiteit foar in selsstannige posysje fan de Sypriotyske Tsjerke. Tidens it Konsylje fan Efeze yn 431 waard nei in lange striid tusken de tsjerkelieding fan Syprus en de patriarchen fan Antiochje om dizze selsstannigens yn it foardiel fan de tsjerke fan Syprus keazen.
Yn it jier 477 soe Barnabas foar aartsbiskop Anthemios fan Syprus ferskynd wêze en him it plak fan syn grêf wiisd ha. Dêr fûnen se de oerbliuwsels fan de apostel mei op syn boarst in eigen skreaun ôfskrift fan it Mattéus-evangeelje. Njonken it lege grêf fan de apostel is in boarne, wêrfan't men seit dat it wetter heilsum is en benammen genêzend wurket foar hûdsykten en ûnfruchtberens.
Nei't it grêf ûntdutsen wie, soene de oerbliuwsels fan de apostel yn opdracht fan keizer Zeno krekt as it ôfskrift fan it Mattéus-evangeelje meinommen wêze nei de Barbaratsjerke fan Konstantinopel.[1]
Boppe it lege grêf waard yn 1953 in kapel boud.[2][3] Op in hûndert meter ôfstân fan it grêf stiet it Barnabaskleaster. Nei de etnyske suveringen yn 1974 as gefolch fan de Turkske ynfal yn Syprus ferlieten yn 1976 de trije lêste muontsen it kleaster, om harren âlde dei yn it Grykske diel fan it eilân troch te bringen. Tsjintwurdich is der in ikoanenmuseum yn de tsjerke fêstige.[4]
Martelderskip
De apostel waard neffens de oerlevering troch oergeunstige joaden tidens nei in dispút yn in synagoge nei bûten sleept. Dêr waard Barnabas martele en kaam er troch stienniging oan syn ein. Jehannes Markus makke dit allegear fan tichteby mei en begroef Barnabas dêrnei. Ek binne der ferhalen dat Barnabas nog wurke hat yn Grikelân en Rome en dat hy biskop west hat fan Milaan.
Beskermhillige
Barnabas is de patroanhillige fan it eilân Syprus en fan de stêden Florence, Milaan en Logroño. It is ek de beskermhillige fan de kûpers en wevers. Feest 4 (oosterse kerk) & 11 januari & 11 april (oosterse kerk) & 11 juni & 17 december.
Betinking
- Katolike Tsjerke: 11 juny
- Luterske Tsjerke: 11 juny
- Anglikaanske Tsjerke: 11 juny
- Eastersk- Otterdokske Tsjerke: 4 jannewaris en 11 juny
- Syrysk-Ottersdokske Tsjerke: 11 maaie, 11 juny en 17 desimber
- Armeenske Tsjerke: 9 april, 11 juny en 29 oktober
- Koptyske Tsjerke: 11 juni, 17 desimber [5]
Ikonografy
Barnabas wurdt fakentiden ôfbylde mei in stien (in ferwizing nei de stienniging) of it evangeeljeboek fan Mattéus dat yn syn grêf fûn waard. Somtiden wurdt Barnabas as biskop foarsteld, dit hat te meitsjen mei de oerlevering dat Barnabas biskop west hat fan Milaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|