Súdlik Borneo mei de Barito

De Barito is in 890 km lange rivier yn de Yndonesyske provinsje Súd-Kalimantan op it eilân Borneo. De stêd Banjarmasin leit oan de rivier. It ôfwetteringsgebiet beslacht 38.610 km². De rivier rint nei it suden en mûnet út yn de Javasee. De Martapura is de grutste sydrivier.

Under in Nederlânske strafekspedysje yn 1863 waarden alle kampongs fan de opstannige Dajaks oan de rivier yn 'e brân set.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.