Bareveld | ||
Lokaasje fan Bareveld yn de gemeente Veendam | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân Drinte | |
Gemeente | Veendam Aa en Hunze | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 400 | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 3' NB, 6° 51' EL |
Bareveld (Grinslânsk: Boareveld) is in doarp op de grins fan de Nederlânske provinsjes Grinslân en Drinte. It Drintske part fan it doarp heart by de gemeente Aa en Hunze, it Grinslânske part fan it doarp heart by de gemeente Feandam.
It Grinslânske part falt yn de beboude kom fan it doarp Wildervank en wurdt winliken net mear as in wier ûnderdiel fan Bareveld sjoen. Allinne it part dat ûnder de gemeente Aa en Hunze falt hat syn eigen plaknammebuorden. It doarp hat likernôch 400 ynwenners dêr't de measten fan yn it Grinslânske part wenje.
Skiednis
De namme komt fan boare veld itjinge braaklizzend stik lân betsjut.
Bareveld leit op de Semsliny út 1615, dy't in rjochte line tusken de Martinytoer yn de stêd Grins en Ter Apel is dy't in ein meitsje moast oan de eardere tsierderijen.
By Bareveld lei earder in daam. Op grûn fan in konvenant út 1817 tusken de stêd Grins en de Drintske feanmarken fan Eext oant Valthe mocht dy net trochstutsen wurde. Yn dat konvenant makke de stêd Grins in regeling mei Drinte foar de ôffier fan syn turf oer de Drentse Monden, it Stedskanaal en it Grevelingskanaal fia it Kielsterdjip en it Wynskoaterdjip nei Grins. De daam moast dêrfoar soargje dat de turf net oer Veendam ferfierd wurde soe, om't dat kanaal net yn eigendom wie fan Grins. Grins soe dan net allinne passaazjejild misrinne, mar hie ek noed dat it de kontrôle dêroer kwytreitsje soe. Pas yn 1873 waard de daam fuorthelle.
Yn 1993 waard de line in toeristyske spoarline fan de Stifting Stadskanaal Rail (STAR), wêrfan't de treinen ek yn Wildervank stopje. Der besteane konkrete plannen om it baanfek tusken de stasjons Veendam en Stadskanaal yn desimber 2024 wer iepen te stellen foar regulier reizigersferfier, mar yn maart 2019 waard besletten dat de treinen Bareveld foarby ride sille.
It doarp leit op de krusing fan de N33 en de N365
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Feandam | ||
---|---|---|
Doarpen: Bareveld (foar in part) • Borgercompagnie (foar in part) • Feandam • Ommelannerwyk • Tripscompagnie (foar in part) • Wildervank | ||
Utbuorrens & Buorskippen: Boven Veensloot (foar in part) • Kibbelgaarn • Numero Dertien • Wildervanksterdallen • Korte Akkers • Westerdiepsterdallen • Zuidwending | ||
wizigje |