Baptiste Garnier
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBaptiste Garnier
oare nammeLittle Bat
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1854
berteplakyn Arkansas
stoarn16 desimber 1900
stjerplakCrawford (Nebraska)
etnisiteit Frânsk
Yndiaansk
wurkpaad
berop/amtferkenner foar it
   Amerikaanske Leger
jierren aktyf<18761900

Baptiste Garnier (yn Arkansas, 1854 – Crawford (Nebraska), 16 desimber 1900) wie in Amerikaansk frontiersman fan mingd Frânsk en Yndiaansk etnysk komôf. Hy tsjinne as ferkenner foar it Amerikaanske Leger, en focht yn dy hoedanichheid û.m. yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

Libben

Garnier waard yn 1854 berne yn 'e Amerikaanske steat Arkansas. Hy wie in pionier dy't oan 'e foargrins fan 'e Amerikaanske kolonisaasje libbe, en tsjinne yn it Amerikaanske Leger as ferkenner. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en 1877 naam er diel oan 'e simmerkampanje fan 1876 ûnder brigadegeneraal George Crook. Hy wie doe belutsen by de Slach oan de Rosebud, wie oanwêzich by de Hynstefleismars en focht mei yn 'e Slach by Slim Buttes. Yn dy snuorje krige er de bynamme Little Bat taparte, om him te ûnderskieden fan in oare ferkenner mei deselde foarnamme, Baptiste Pourier, oftewol Big Bat.

Garnier wie troud mei in Julia Mousseau (1864-1944), mei wa't er teminsten trije bern krige, John, Ellen en Emma. Nei ferrin fan tiid wurke Garnier him op ta it haad fan 'e ferkenners op 'e legerbasis Fort Robinson, yn Nebraska. Op 16 desimber 1900 waard er yn Dietrich's Saloon yn Crawford, deunby it fort, delsketten troch in James Haguewood, de weard. Garnier stoar bûtendoar op 'e strjitte omtrint 3 oare moarns. Hoewol't er gjin wapens by him hie doe't er delsketten waard, en hoewol't er neffens tsjûgen neat dien hie dat sok geweld tsjin syn persoan rjochtfeardigje koe, waard Haguewood letter frijsprutsen fan moard doe't er him op selsferdigening berôp.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.