It eilân Bant op Typus Frisiae Orientalis út 1596

Bant is in earder eilân dat foar de kust fan East-Fryslân lein hat, healweis de Leybocht en it eilân Júst. Oars as de hjoeddeiske Waadeilannen dy't achter in strânwâl ûntstien binne op de grins fan de Waadsee en de Noardsee, wie Bant oarspronklik in hallich, in part fan it fêstelân dat eilân wurden wie.

Bant wie oant ein 16e iuw bewenne. Der wiene mear as ien sâltsierderijen. It seesâlt waard wûn út de jiske fan ferbaarnd fean. It fuortheljen fan it fean sil sines dien hawwe ta it ûnderstrûpen en eroadearjen fan it eilân.

De âldste fernijing fan Bant is yn de libbensbeskriuwing (vita) fan de hillige Liudger, dy't ein 8e iuw yn it westlik part fan Eastfryslân aktyf wie. Bant wurdt as ien fan seis goaen fan syn missywurk neamd..[1]

De Emder predikant en teolooch Menso Alting seach yn Bant it oerbliuwsel fan in grut eilân dat ea it gebiet fan Borkum yn it westen oant Norderney yn it easten besloech. Hy miende dat it it eilân Burgana wêst hie dat troch Plinius en Strabo neamd wurdt.[2] Bant soe yn dat gefal sa'n 45 kilometer lang en oant 25 kilometer breed west hawwe. It eilân soe yn ien as mear stoarmfloeden ferbroazele rekke wêze. Alting syn betinken strykt lykwols net mei de geologyske gearstalling fan it gebiet.

Yn 1780 waard it eilân folslein fuortspield.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Georg Heinrich Pertz (Hrsg.): Altfridi vita S. Liudgeri episcopi Mimigardefordensis. - Scriptores rerum Sangallensium. Annales, chronica et historiae aevi Saxonici. Hannover 1829, side 410.
  2. Menso Alting: Descriptio agri Batavii et Frisii sive notitia Germaniae inferioris. Amsterdam 1697.
  3. Arend W. Lang: Das Juister Watt. Schriften der wirtschaftswissenschaftlichen Gesellschaft zum Studium Niedersachsens. Neue Folge, Bd. 57. Bremen-Hörn 1955, s. 39.
 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.