| |||||
Offisjele taal | Bangla | ||||
Haadstêd | Dhaka | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
144.000 km² 7,0% | ||||
Ynwenners (2004) | 141.340.476 | ||||
Munt | Taka (BDT) | ||||
Tiidsône | UTC +6 | ||||
Nasjonale feestdei | 26 maaie | ||||
Lânkoade | BDG | ||||
Ynternet | .bd | ||||
Tillefoan | +880 |
Bangladesj is in lân yn Súd-Aazje. De haadstêd is Dhaka en de presidint fan de republyk is sûnt 12 febrewaris 2009 Zillur Rahman.
Geografy
Lizzing
Bangladesj wurdt begrinzge troch:
- Yndia yn it noarden, easten en westen;
- Birma en de Baai fan Bengalen yn it suden.
Lânskip
Hiel Bangladesj bestiet út fruchtber leechlân en leit yn it moessongebiet, dêr't in protte rein falle kin. De kuststripe wurdt net beskerme troch diken en hat betiden bot te leien fan oerstreamings mei somtiids rampsillige gefolgen. It súdwesten, oan de Yndiaske grins, makket diel út fan de slykflakte fan Ganges en Bramaputra.
Skiednis
It eardere Bingalen hearde fan 1757 oant 1947 by de Britske koloanje Yndia. Troch opsplitsing as gefolch fan de ûnôfhinklikens fan Yndia kaam West-Bingalen by Yndia en East-Bingalen by Pakistan. Nei in grutte opstân, dy't folge op de grutte oerstreaming fan 1970, skiede East-Bengalen har fan Pakistan ôf en waard yn 1971 in eigen steat ûnder de namme Banglades.
De earste 15 jier waard it selsstannige Bangladesj regeard troch in autoritêr presidinsjeel rezjym. Tusken 1986 en 1991 folge in oantal steatsgrepen efterinoar. Tsjintwurdich hat it lân in demokratysk keazen regearing.
Demografy
Befolking
Bangladesj is sawat it tichtst befolke lân fan de wrâld. Yn it begjin fan de 20e iuw telde it gebiet tritich miljoen ynwenners; dat oantal is no ferfiiffâldige.[1] De befolking is frij homogeen gearstald: 98% is etnysk Bengaly. It oare part 2% bestiet út net-Bengaly-moslims en ferskate folken dy't yn de Sittagong-heuvels wenje.
Religy
De grutste religy is de islam dêr't 83% fan de befolking ta rekkene wurdt, de oare wichtige godstsjinst is it hindoeïsme mei 16% leauwigen. Ek binne der noch wat lytse groepen, boedisten, kristenen en animisten.
Taal
De Bengaly sprekke it Bingaalsk (ek wol Bangla) dat skreaun wurdt yn in skrift dat liket op it Devanagary. It Bengaalsk is ek de offisjele taal fan it lân. Ek Ingelsk wurdt noch hieltyd brûkt, benammen op skoallen en troch de regearing. Fierders sprekt it meastepart fan dejingen dy't net moslim binne it Urdu.