Bandasee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken de Molukken en Timor | |
lân | East Timor Yndoneezje | |
ûnderdiel fan | Grutte Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 1.200 km | |
maks. breedte | 500 km | |
djipste punt | 7.440 m |
De Bandasee is in rânesee fan de Grutte Oseaan (mar dêrfan skieden troch hûnderten eilannen), yn Yndoneezje, tusken Selebes yn it westen, de Molukken yn it noarden en Timor yn it suden. Súdwestlik grinzet de Bandasee oan de Floressee, súdeastlik oan de Arafurasee.
Ierdskoddings
Ierdskoddings komme faak foar yn dizze kontrei, omdat hjir trije tektonyske platen har ynfloed útoefenje - Euraziatyske-, Pasifyske- en Indo-Austalyske platen. Yn 1938, 2005, 2006 en 2009 wiene der ierdskoddings.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Banda Sea fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.