Balysee | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | benoarden Baly | |
lân | Yndoneezje | |
ûnderdiel fan | Yndyske Oseaan | |
sifers | ||
oerflak | 45.000 km² | |
djipste punt | 1.590 m |
De Balysee is de see fuort benoarden it eilân Baly yn Yndoneezje. De see grinzet yn it westen oan de Javasee en yn it easten oan de Floaressee.
Neist streamingen út de oanswettende Yndonezyske seeën, hat de Balysee ek te krijen mei de noard-súd streamen fan wetter út de Grutte Oseaan nei de Yndyske Oseaan; it measte wetter ferlit de arsjipel troch de Balystrjitte en de Lombokstrjitte.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.