Ballast is in buorskip yn de gemeente Coevorden benoardwesten it haadplak en bewesten it Kanaal Coevorden-Zwinderen mei brêge en skutslûs.

Yn 1840 wurdt er neamd as De Ballast. Omdat it plak âlder is as it kanaal, giet it net om in skipsterm. As fjildnamme wiist er op minne grûn. It kanaal, it gebiet Coevorder Stukken en de wei N34 ( Gramsbergen - Emmen ) skiede it plakje fan de nije noardwestlike Coevorder stedswyk Ballast.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.