Balkendsterspoldermûne
mûne / mole
De mûne yn 2012
De mûne yn 2012
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Alde Leie
koördinaten53° 17' N 5° 44' E
bysûnderheden
type mûnemuonts
funksjepoldermûne
oarspr. gebrûkBemeallen polder Balkend
flecht12,64 meter
boujier1844
oare ynformaasje
eignerStifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer24539
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Balkeinsterpoldermole (Fryslân)
Balkeinsterpoldermole

De Balkendsterpoldermûne is in poldermûne en ryksmonumint súdeast fan it doarp Alde Leie yn de gemeente Ljouwert.

It is in mealreeë achtkante, reiddutsen muonts op stiennen fjildmuorren mei in flecht fan 12,64 meter en wjukken mei âldhollânsk hekwurk.

De Balkendsterpoldermûne stiet oan de Feinsumer Feart en waard yn 1844 boud foar it bemeallen fan de polder Balkend. Hy koe yn it earstoan yn- én útmealle. De mûne waard yn 1988 eigendom fan de Stifting De Fryske Mole.

Yn 2006 wiisde it Wetterskip Fryslân de Balkendsterpoldermûne oan as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Balkendsterspoldermûne fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.