It Bûn fan Fryske Fûgelwachten, koartwei BFVW, is in feriening fan minsken dy't har soargen makken oer de bedrigings fan de frije natoer en de greidefûgels yn it bysûnder. Yn en fuort nei de Twadde Wrâldoarloch waarden der sa'n ôfgryslike soad aaien socht dat de pleatslike fûgelwachten yn 1947 byinoar stapt binne yn in nije koepelorganisaasje.
It aaisykjen waard beskerme en beheind ta in koartere tiid. De 'neisoarch' krige ek omtinken.
Greidefûgelbehear
It meastepart fan de aktiviteteiten fan de BFVW is noch altiten rjochte op de beskerming fan de Fryske greidevogels. Dêrby binne twa útgongspunten liedend. Yn it earste plak wolle de Fryske fûgelwachters greidefûgels beskermje yn nau oerlis en harmonij mei boeren. Boeren spylje in wichtige rol by it greidefûgelbehear. It saneamde agrarysk natoerbehear moat sadwaande stipe wurde; 80% fan de greidefûgels briedt ommers op boerelân. Yn it twadde plak is it systeem fan neisoarch. Dat de Fryske fûgelwachters der foar kieze om greidefûgelbeskerming te kombinearjen mei aaisykjen út de earste lis, benammen fan ljippen, jout ferplichtings. Nei it aaisykjen is de neisoarch fan grut belang. De greidefûgelwachten moatte de ferfolchaaien respektearje en moatte ek fierder in respektfolle hâlding hawwe.
Beide útgongspunten hawwe de BFVW nochal ris yn konflikt brocht mei oare fûgelbeskermers. De measte fûgelbeskermers wize it aaisykjen ôf en sjogge leaver foarsoarch as neisoarch. Se kritisearje boppedat de yn harren eagen goedwollende hâlding fan de BFVW foar de boeren oer en de dêrmei gearhingjende averzje tsjin reservaten fan SBB. Lêstens binne se der net sa entûsjast oer dat de BFVW de jacht op foksen en rôffûgels propagearret. De BFVW beskôget de predaasje fan foksen en rôffûgels as in wichtige oarsaak fan de weromrinnende oantallen greidefûgels, wylst de measte fûgelbeskermers de moderne agraryske wize fan buorkjen as haadskuldige oanwize en dêrom reservaten bepleitsje.
Oare aktiviteiten
Neist oan greidefûgels jout de feriening ek omtinken oan oare eleminten fan de Fryske floara en fauna, al is it meast oan de avifauna. Dêrbinnen is der spesjale oandacht foar de tsjerkûle, toerswellen, de blaustirns en de patriis. De aktiviteiten rinne fan politike lobby, rjochte op bettere regeljouwing en edukaasje, oant tige praktyske beskermingsaktiviteiten lykas it ferbetterjen fan de nêstgelegenheid yn it boerelân en op pleatsen.
Organisaasje
De BFVW hat 117 fûgelwachten mei om de 25.000 leden. Mear as 5100 leden binne yndie belutsen by de praktyk fan de greidefûgelbeskerming. Se hawwe oant 1 april fergunning om in kwotum ljipaaien te mei te nimmen. De feriening jout it blêd Vanellus út. Sûnt 2004 is der in profesjonele beliedsmeiwurker op it Bûnsbureau yn Earnewâld. Neist in haadbestjoer binne der meardere kommisjes, foar PR, Edukaasje, Neisoarch (greidefûgels) en Broedsoarch (oare fûgels).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|