It skiereilân Bûtjadingen mei links de Jadeboezem en rjochts de Wezer.

Butjadingen is in skiereilân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en in gemeente op dat skiereilân, hearrend ta it distrikt Wesermarsch. De gemeente hie 6500 ynwenners yn 2008 en 6049 yn 2019 en waard op 1 maart 1974 oprjochte troch in fúzje fan 'e eardere gemeenten Burhave, Langwarden en Stollhamm. Bûtjadingen leit oan de Jadeboezem en de Waadsee, dêr't it oan de eastkant de Wezer en oan de westkant de Jade yn útmûnje. It gemeentebestjoer sit yn it plakje Burhave.

Butjadingen is troch feartsjinsten ferbûn mei Wilhelmshaven yn it westen en Bremerhaven yn it easten. Ut Nordenham wei, dat geografysk wol, mar bestjoerlik net ta Bûtjadingen heart, is der in treinferbining mei Bremen.

Bûtjadingen is in meast agrarysk gebiet. De stêd Nordenham hat yndustry en in kearnsintrale.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.