Lokaasje fan de Bûtenste Hebriden
Bûtenste Hebriden (yn 't oranje)

De Bûtenste-Hebriden (Skotsk-Gaelysk: Na h-Eileanan Siar, Ingelsk: Outer Hebrides) binne in groep eilannen sa'n 60 km foar de westkust fan Skotlân, dy't part binne fan de Hebriden. Se binne skieden fan de Binnen-Hebriden en Schotland troch de Minch, de Lytse Minch en de Hebridensee. De haadstêd is Stornoway (Steòrnabhagh) op it eilân Lewis. De arsjipel hat in oerflak fan 3.071 km² en dêr wenje sa'n 26.000 eilanners.

Bestjoerlik

De Bûtenste-Hebriden is in riedsgebiet (council area) mei de offisjele Skotsk-Gaelyske namme Na h-Eileanan Siar ('Westlike Eilannen'). De oantsjutting Na h-Eileanan Siar wurdt brûkt sûnt 1997 en wurdt ek yn offisjele Ingelsktalige teksten brûkt.

Geografy

De folgjende eilannen behearre ta de Bûtenste Hebriden(fan noard nei súd): Bewenne:

  • Lewis en Harris
  • Grut Bernera
  • Scalpay
  • Uist (Uibhist):
    • Baleshare
    • Berneray
    • North Uist
    • Grimsay
    • Benbecula
    • South Uist
    • Eriskay
  • Barra
  • Vatersay

Unbewenne:

  • Sula Sgeir
  • North Rona:
  • Shianteilannen
  • Barra Head
  • Flannaneilannen
  • Haskeir
  • Monacheilannen
  • St. Kilda
  • en noch in protte lytse ûnbewenne eilannen: Campay, Coppay, Flodday, Floday, Gilsay, Heiskers, Hermetray, Kirkibost, Lingay, Little Bernera, Little Shillay, Mealasta, Mingulay, Opsay, Pabay Mor, Pabbay, Sandray, Scaraway, Scarp, Shillay, Soay Beag, Soay Mor, Stockay, Sursay, Tahay, Taransay, Vacsay, Vallay, Wiay en oare.

De tsien grutste eilannen fan de Bûtenste Hebriden

Namme Oerflak (km²) Ynwennertal (2001) Heechste punt (m)
Lewis en Harris 2.170,0 18.489 799
South Uist 320,3 1.818 620
North Uist 303,1 1.271 347
Benbecula 82,0 1.219 124
Barra 58,8 1.078 383
Great Bernera 21,2 233 87
Taransay 14,8 0 267
Berneray 10,1 136 93
Grimsay 8,3 201 22
Eriskay 7,0 133 185
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.