Bûnte Earn | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Waŋblí Glešká | |
oare namme | Spotted Eagle | |
nasjonaliteit | Sû (Sioux) | |
berne | 1834 | |
berteplak | op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten) | |
stoarn | nei 1891 | |
stjerplak | yn it Cheyenne River Reservaat (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Sâns Arks-Lakota | |
reden bekendheid | focht mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn |
Bûnte Earn (Lakota: Waŋblí Glešká, útspr.: ['wãbli: 'ɡleʃka:], likernôch: "ûangblii glesjkaa"; Ingelske oersetting: Spotted Eagle; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), 1834 – yn it Cheyenne River Reservaat (Súd-Dakota), nei 1891) wie in Yndiaanske kriger en in opperhaad fan 'e Sâns Arks-Lakota dy't yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.
Libben
Bûnte Earn waard yn 1834 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hy wie in foaroansteande haadman fan 'e Sâns Arks (Itázipčho), in substamme fan 'e Lakota.
Oer him is bekend dat er ûnder de Grutte Sû-Oarloch in groepke Sâns Arks oanfierde dat op 25 en 26 juny 1876 dielnaam oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in grut diel fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.
Neitiid sil Bûnte Earn him yn it foarjier fan 1877 mei de measte oare Lakota oerjûn hawwe oan 'e Amerikaanske autoriteiten. Yn 1881 wurdt er neamd yn 'e rantsoenearringsdokumintaasje yn it Standing Rock Yndianereservaat fan Súd-Dakota, dêr't er doe yn mids july fan dat jier lieding joech oan in troep fan 402 persoanen. Tsjin augustus wurdt er lykwols net mear neamd yn 'e rantsoenearringsdokuminten, en it tinken is dat er doe mei in lytsere groep lju ferfearn wie nei it oangrinzgjende Cheyenne River Yndianereservaat, dêr't de measte Sâns Arks har nei wennen setten.
Yn Cheyenne River waard de rantsoenearringsdokumintaasje min byholden, en tusken 1877 en 1886 hielendal net, mar yn 'e útslach fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 1886 wurdt Bûnte Earn yndie neamd as bewenner fan it Cheyenne River Reservaat. By dy gelegenheid joech er syn leeftyd op as 52 jier, wat betsjut dat er omtrint 1834 berne wêze moat. Om't er by de folkstelling fan 1891 noch hieltyd yn it Cheyenner River Reservaat wenne, stiet fêst dat er doe noch libbe. It is ûnbekend wannear't er stoarn is.
Oare persoanen mei deselde namme
It opperhaad Bûnte Earn fan 'e Sâns Arks moat net betize wurde mei ferskate oare Lakota-krigers dy't deselde namme hiene:
- Bûnte Earn syn soan droech deselde namme as syn heit, en waard yn 'e Amerikaanske registraasje omskreaun as Spotted Eagle, Jr.;
- Der wie ek in Hûnkpapa-kriger dy't Bûnte Earn hiet en yn 1823 berne wie. Dy man focht nei alle gedachten ek yn 'e Slach oan de Little Bighorn, en wiek yn elts gefal yn 1877 út nei Kanada mei de medisynman Sittende Bolle. Yn 1881 hearde er ta de selskipslju fan Sittende Bolle doe't dy weromkearde út ballingskip en him oerjoech oan 'e Amerikanen, wêrnei't er (op 'e nij mei Sittende Bolle) oant maaie 1883 as kriichsfinzene fêstholden waard yn Fort Randall. Tsjin 1885 libbe er as lid fan 'e troep fan Sittende Bolle yn it Standing Rock Reservaat.
- In fjirde Bûnte Earn hearde ta de Minnikonzjû-Lakota yn it Cheyenne River Reservaat. Dizze kriger hold him ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 ôfsidich, en focht net mei tsjin 'e Amerikanen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |