bûnt groukopke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Carterocephalus palaemon | ||||||||||||
Pallas, 1771 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It bûnt groukopke (Carterocephalus palaemon) is in soarte yn it skaai fan de bûnte groukopkes (Carterocephalus).
Foarkommen
It bûnte groukopke is in flinter dy't libbet by boskrânen. Hy komt allinnich foar op plakken dêr't de weardplanten bjint of blikgers groeie. Dy weardplanten meie net te betiid meand wurde. Yn de tweintichste iuw fleach de flinter yn Nederlân yn Limburch en yn dielen fan de Achterhoeke, mar de soarte is stadichoan efterútgien. Tsjintwurdich komt de soarte yn twa gebieten foar: yn Noard-Brabân en Midden-Limburch en yn it easten fan de Achterhoeke en Twinte. Fan 1993 ôf wreidet de soarte him in bytsje út nei West-Brabân.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as kwetsber, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
De wjuklingte is likernôch 13 mm. De boppekant fan de wjukken is donkerbrún mei oranjegiele plakken. It binne hurde fleaners.
Fleantiid
De flinter fljocht fan begjin maaie oant ein juny, foaral tusken 25 maaie en 5 juny. It bûnt groukopke fljocht yn ien generaasje.
Rûp
De rûp kin 25 mm lang wurde. Jonge rûpen binne grieneftich mei griis. Gruttere rûpen binne wyteftich grien mei wite en donkergriene streken. Folwoeksen rûpen hawwe in striekleur mei donkergrize rêchline. Folwoeksen rûpen oerwinterje as healwaaks rûp. Se spinne harren yn in blêd. As it maaitiid wurdt komme hja der wer út en begjinne mei tsien dagen sinnebaaien. Dêrnei ferpopkje se harren.
De rûp fret ferskillende soarten gers lykas blikgers, bjint, finnige koartstâle en boskkoartstâle.