Bûnspartij foar Senioaren
Ympresje fan de by reinich waar ferkeatste finale tusken Minnertsgea en Berltsum op de Bûnspartij fan 2005, dy't mei oermacht troch Minnertsgea wûn is.
Ympresje fan de by reinich waar ferkeatste finale tusken Minnertsgea en Berltsum op de Bûnspartij fan 2005, dy't mei oermacht troch Minnertsgea wûn is.
holden ynFrjentsjer
sportKeatsen
organisatorKNKB
earste edysje1897
Temaside  Sport

De Bûnspartij foar Senioaren, tsjintwurdich offisjeel it Nêderlânsk kampioenskip keatsen senioren neamd, is op de PC nei de âldste keatspartij. Begjinnend mei de oprjochtingsdei fan de KNKB yn 1897, doe noch de Fryske Keatsbûn, stiet dizze partij op Pinkstermoandei op it wedstriidprogramma.

Skiednis

De earste Bûnspartij, sa't de partij meast koartwei neamd wurdt, waard wûn troch Peins mei Jan Reitsma, Teake de Jong en Bernardus Wiersma. Om propaganda te meitsjen foar it keatsen, waard de partij yn de earste 25 jier yn ferskate plakken hâlden. Fan 1922 ôf wurdt de partij yn Frjentsjer ferkeatst. De Bûnspartij is mar twa kear net holden. Yn 1943 en 1944 gie de partij fanwege de oarloch net troch. Yn 2022 moast de Bûnspartij healerwege de twadde omloop beëinige wurde fanwegen it minne waar.

Priis

De wikselpriis, in sulveren bal, is yn 1900 troch Pim Mulier beskikber steld. De bal mei alve rútfoarmige sulveren plaatsjes mei de wapens fan de alve Fryske stêden is troch Mulier sels ûntwurpen. De bal hinget oan in read-wyt-blau lint mei dêroan trije sulveren platen mei de wapens fan Eastergoa, Westergoa en de Sânwâlden.

Súkselfolste ofdielings

De partij is it faakst wûn troch Harns, mei 14 oerwinnings. Twadde bin Frjentsjer en Ljouwert, mei elk 10 oerwinnings.

Klaverke Fjouwer

De Bûnspartij is mei de Freulepartij, de Jong Nederlânpartij en de PC ien fan de partijen dy't diel útmeitsje fan it Klaverke Fjouwer. Dat is in bysûndere priis, ynsteld troch de PC, foar keatsers dy't der yn slagje al dy fjouwer partijen te winnen.

Winnerslist

Jier Plak Keatsers
2023MinnertsgeaJacob Wassenaar
Marten Bergsma
Hendrik Kootstra
2022BitgumTjisse Steenstra
Paul Dijkstra
Hans Wassenaar
2021MinnertsgeaMarten Bergsma
Jacob Wassenaar
Hendrik Kootstra
2019EasterlittensSimon Zijlstra
Pier Piersma
Erwin Zijlstra
2018BitgumTjisse Steenstra
Johan van der Meulen
Steven Koster
2017LjouwertEnno Kingma
Joukje Bosje
Hans Wassenaar
2016MinnertsgeaMarten Bergsma
Hylke Bruinsma
Hendrik Kootstra
2015MinnertsgeaChris Wassenaar
Hylke Bruinsma
Hendrik Kootstra
2014MinnerstgeaChris Wassenaar
Hylke Bruinsma
Hendrik Kootstra
2013GoutumHendrik Tolsma
Dirk-Jan van der Woud
Daniël Iseger
2012Sint JabikR. van der Meer
R.P. Hiemstra
T. Triemstra
2011MinnertsgeaChris Wassenaar
Hylke Bruinsma
Hendrik Kootstra
2010GoutumHendrik Tolsma
Dirk Jan van der Woud
Daniël Iseger
2009GoutumHendrik Tolsma
Dirk Jan van der Woud
Daniël Iseger
2008Sint JabikR. van der Meer
R.P. Hiemstra
T. Triemstra
2007BerltsumF. van der Mei
A. van der Graaf
M. Feenstra
2006MinnertsgeaC. Wassenaar
J. Wassenaar
K.A. Terpstra
2005MinnertsgeaC. Wassenaar
J. Wassenaar
C. Terpstra
2004BerltsumM. Feenstra
B. van der Graaf
A. van der Graaf
2003MinnertsgeaK.A. Terpstra
C. Terpstra
C. Wassenaar
2002GrinsK.J. van der Lei
S. Porte
D. Groenendijk
2001MinnertsgeaK.A. Terpstra
J. Wassenaar
C. Wassenaar
2000DronrypS. Minnesma
J.W. van Beem
W. Visser
1999LjouwertS. Minnesma
P. van Tuinen
H. Rusticus
1998GrinsP. van Tuinen
S. Porte
J. Dijkstra
1997DronrypR. Groothof
W. Visser
J.W. van Beem
1996HallumJ. Meirink
P. van Tuinen
K. Zittema
1995GrinsJ. Dijkstra
S. Porte
P. Tienstra
1994GrinsJ. Dijkstra
S. Porte
P. Tienstra
1993LjouwertE. Seerden
D. Boomstra
R. Roosjen
1992HuzumA. Kooistra
J. van Dijk
G. Okkinga
1991FrjentsjerE. Seerden
L. Leeuwen
T. Schurer
1990HuzumS. Kleefstra
L. Postma
G. Okkinga
1989FrjentsjerA. Tolsma
L. Leeuwen
T. Schurer
1988FrjentsjerA. Tolsma
L. Leeuwen
T. Schurer
1987FroubuertE. Idsardi
S. Porte
P.J. Faber
1986DronrypC. Veltman
G. Boomstra
D. van der Leest
1985FroubuertE. Idsardi
Tj. de Groot
P.J. Faber
1984SeisbierrumJ. Hesselius
Johannes van Dijk *
Joh. Brandsma
1983FrjentsjerSipke Saakstra
K. Wierstra
T. Schurer
1982Sint JabikJ. Bierma
H. Leeuwen
Reinder Triemstra
1981SeisbierrumJ. Hesselius
Joh. van Dijk *
Joh. Brandsma
1980TernaardW. Dijkstra
J.A Dijkstra
W. Oberman
Jier Plak Keatsers
1979MakkumH. Hellinga
B. Rinia
Sj. Rinia
1978WinsumSake Saakstra
G. Fokkens
D. Fokkema
1977FrjentsjerTjisse Wallendal
J. van der Molen
Joh. van der PLoeg
1976StiensK. Bouma
P.J. Faber
Johannes Westra
1975DrachtenJ. van Seijst
R. Ferwerda
Flip Soolsma
1974FrjentsjerJ. van Seijst
S. Sikkema
André Roosenburg (junior)
1973WinsumG. Fokkens
H. Kramer
Joh. van der Ploeg
1972MarsumL. Breuker
R. van Wieren
W. van Wieren
1971BerltsumGerm Okkinga
Th. Dijkstra
H. Sijpersma
1970Sint AnneH. Spijkstra
F. Soolsma
W. Hiemstra
1969Sint AnneG. van der Meer
F. Soolsma
W. Hiemstra
1968FrjentsjerJ. van Seijst
S. Sikkema
P. de Groot
1967BaardT. Velstra
P. Tuinman
D. van der Zee
1966HarnsH. Schuil
Joh. Jansen
Joh. Halbesma
1965HarnsH. Schuil
Joh. Jansen
Joh. Halbesma
1964BaardJ. van Seijst
T. Velstra
P. Tuinman
1963LjouwertR. de Groot
A. Hiemstra
J. Pander
1962WeidumP. Koopmans
Æbe Haima
Durk Tolsma
1961HarnsH. Schuil
Joh. Jansen
Joh. Halbesma
1960LjouwertR. de Groot
A. Hiemstra
J. Pander
1959LjouwertJ. Rodenhuis
A
Hiemstra
D. van der Zee
1958HarnsP. Schuil
H. Schuil
Joh. Jansen
1957LjouwertJ. Rodenhuis
S. van der Zee
A. Hiemstra
1956FrjentsjerS. Bouwma
C. Hoekstra
W. Vlietstra
1955HarnsH. Schuil
S. Olivier
A. de Jong
1954MakkumD. Lemstra
Albert Rinia
R. Kuiper
1953LjouwertJ. Rodenhuis
S. van der Zee
F. Helfrich
1952LjouwertJ. Rodenhuis
A. Veldkamp
F. Helfrich
1951WeidumF. Monsma
F. Hiddinga
J. de Groot
1950WeidumF. Monsma
F. Hiddinga
J. de Groot
1949HarnsH. Schuil
S. Olivier
F. Helfrich
1948HarnsH. Schuil
S. Olivier
F. Helfrich
1947HarnsH. Schuil
S. Olivier
F. Helfrich
1946BitgumB. van Loon
G. Rijpstra
Sj. Rijpstra
1945WeidumS. de Groot
F. Hiddinga
J. de Groot
1944 Gjin wedstryd y.f.m. de oarloch
1943
1942WeidumS. de Groot
F. Hiddinga
J. de Groot
1941BerltsumJ. van der Lei
S.A. de Haan
B. Wiersma
1940WeidumG. Jellema
F. Hiddinga
J. de Groot
1939BerltsumJ. van der Lei
A. van der Meulen
A.A. de Haan
1938BerltsumJ. van der Lei
S.A. de Haan
A.A. de Haan
Jier Plak Keatsers
1937WinaamIJ. Kuperus
P. Fennema
Sj. Helfrich
1936WeidumG. Jellema
F. Hiddinga
J. Volbeda
1935Sint JabikK. Kuiken
D. de Bildt
Sj. Helfrich
1934Sint JabikK. Kuiken
D. de Bildt
Sj. Helfrich
1933Sint JabikK. Kuiken
D. de Bildt
Sj. Helfrich
1932HarnsH. Knol
P. Helfrich
K. de Jager
1931HarnsJ. van Dijk
I. Roukema
K. de Jager
1930HarnsH. Knol
I. Roukema
K. de Jager
1929DokkumG. Koster
K. Kooistra
I. Jousma
1928HarnsH. Knol
I. Roukema
K. de Jager
1927DokkumG. Koster
K. Kooistra
I. Jousma
1926HarnsH. Knol
I. Roukema
K. de Jager
1925BitgumA. Kramer
Joh. Bosma
S. Zijlstra
1924DokkumG. Koster
K. Kooistra
I. Jousma
1923WytmarsumT. Zijlstra
J. IJntema
J.A. Reitsma
1922TsummearumO. Postma
J. Draijer
T. de Jong
1921DokkumG. Koster
K. Boersma
I. Jousma
1920DokkumG. Koster
K. Boersma
I. Jousma
1919DronrypC. Tijssen
S. Kamstra
S. Tigchelaar
1918SnitsJ. de Vries
A. Rienstra
J. Jillings
1917WytmarsumI. Roukema
C. Werkhoven
R. Zaagemans
1916HarnsI. Roukema
U. Posthuma
S. de Vries
1915PeinsS.J. van de Witte
R. Wielenga
J. Reitsma jr.
1914FrjentsjerR. Werkhoven
J.U. Vlietstra
A. Smidts
1913FrjentsjerIJ. Aukema
J.U. Vlietstra
A. Smidts
1912WytmarsumC. Werkhoven
S.A. Kooistra
J. Cuperus
1911WytmarsumC. Werkhoven
S.A. Kooistra
J. Cuperus
1910LjouwertTj.W. Kooistra
S. Tigchelaar
G. Ronner
1909TsummearumT. Groendijk
T. Swart
Sj. Dijkstra
1908WytmarsumJ. Zaagemans
S.A. Kooistra
R. Zaagemans
1907WytmarsumC. Werkhoven
S.A. Kooistra
R. Zaagemans
1906KimswertA. Oosterbaan
C. Helfrich
M. Helfrich
1905MarsumG. Terpstra
P. Hovenga
H. van der Vliet
1904WytmarsumC. Werkhoven
S.A. Kooistra
J. Cuperus
1903WytmarsumC. Werkhoven
S.A. Kooistra
J. Cuperus
1902PeinsS. Jorritsma
H.J. Hiemstra
J. Reitsma sr.
1901BitgumM. de Vries
G. Wassenaar
A. Groeneveld
1900MarsumJ. Kuperus
Jac. Kuperus
H. van der Vliet
1899PeinsH. Risselada
H.J. Hiemstra
J. Reitsma sr.
1898PeinsH. Risselada
H.J. Hiemstra
J. Reitsma sr.
1897PeinsB. Wiersma
T. de Jong
J. Reitsma sr.
  • Johannes van Dijk (1960 - 29 maart 2016)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.