Brandstede yn 1723

Brandstede of Aylvastate (ek: Barndestee in de gebuirte) wie neffens de kaart fan Eekhoff in stins op de súdwestlike hoeke fan de dyk en de Foarstrjitte fan Holwert fan de gemeente Dongeradiel.

De stins is mooglik (wer)boud yn 1421 en ûntliende har namme Barndestee (= baarnde stee) mooglik oan de grutte brân dy't Holwert en dat hûs dat jier teistere. Yn de buorren fan Holwert leinen inkel huzen dy't as "stins" oantsjuten wurde, der wie yn 1640 ek stimrjocht oan ferbûn.

Neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland soe it trotse gebouw yn 1572 bewenne west hawwe troch Ruurd Roorda. De beide bekende persoanen fan dy nammen wennen lykwols yn Hinnaard en yn Menaam. Dy staach wurdt 'Roorda mei de bier' neamd. Wol leit der yn de tsjerke in sark foar Reynts Roorda († 1547), de tredde frou fan Syds fan Buwinga dy't lykwols fan Tsjummearum kaam.
Yn 1640 wienen de 'landen van Brandstede' eigendom fan Hessel Meckema aan Aylva. Hy wie troud mei Elisabeth fan Althahn, in Eastenrykske grevinne en mei har hied er in âld hûs bewesten de stins kocht. Yn 1635 wie hy kommandant fan Leerort en yn 1637 kolonel fan in rezjimint, wylst er wer letter kommandant fan Emden wie. Neffens de Tegenwoordige Staat, dy't Hessel ûnterjocht 'fan Burmania' neamt, soe hy it hûs wer opboud hawwe mei in swiere toer. De registraasje fan ferkeap fan inkele pleatsen troch Hessel kin mooglik anneks wêze mei syn bouaktiviteiten.

Nei it ferstjerren fan Hessel erfde syn dochter Luts de state. Hja wie troud mei ritmaster Wolf Sigismund fan Schratenbach.

Folgjende bewenner fan de state is baron Hans Willem fan Aylva. Yn 1667 befocht hy mei in Frysk floateskader foar Chatham de Ingelsken. Fan dit floateskader wie er luitenant-generaal. Hy krige de bynamme 'de ûntsachlike' troch syn moedige optreden yn dy striid (1672). In portret fan him hinget op it gemeentehûs yn Ternaard.

De op ien nei lêste eigener wie Willem fan Schratenbach. Yn elts gefal wie hy yn 1700 eigener fan it hûs. Syn dochter Juliana erfde de state en hja troude mei Douwe fan Unia. Nei it ferstjerren fan syn frou liet Douwe yn 1735 de state foar it grutste part ôfbrekke. Nei de sloop fan it hûs yn 1735 bleaune noch in tal resten bewarre, mar mids 18e iuw wie alles ferdwûn.

Bewenners

  • 1572 Ruurd Roorda
  • 1640 Hessel Meckema fan Aylva
  • Luts Meckema fan Aylva
  • ± 1667 baron Hans Willem fan Aylva
  • 1700 Willem fan Schratenbach
  • Juliana fan Schratenbach, troud mei Douwe fan Unia
  • 1735 Douwe fan Unia
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • Elward en Karstkarel - Stinsen en States, Adellijk wonen in Friesland, 1992
  • Hisgis
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.