Avro Lancaster | |
---|---|
| |
Rol | Swiere bommesmiter |
Makker | Avro |
Earste flecht | 9 jannewaris 1941 |
Yn tsjinst | febrewaris 1942 |
Ut tsjinst | 1963 (Kanada) |
Farianten | Avro Lancastrian |
Tal makke | 7.377 |
Grutste brûkers | RAF Royal Canadian Air Force, Royal Australian Air Force |
Trochûntwikkeling | Avro York, Avro Lincoln |
De Lancaster wie in 4-motorige swiere Britske bommewerper út de Twadde Wrâldkriich. De Lancaster waard foaral troch de Britske loftmacht brûkt, mar is ek troch oare lannen fan it Britske Mienebêst oankocht. In totaal fan 7.377 tastellen binne der makke.
De Lancaster wie in ûntjouwing út de twa-motorige Avro Manchester, en krige earst de namme 'Avro Type 683 Manchester III', mar waard letter Lancaster neamd. De earste testflecht wie op 9 jannewaris 1941 en doe die bliken dat it in grutte ferbettering wie foar syn foargonger oer.
Operasjoneel
Yn de Twadde Wrâldkriich fleagen de Lancasters fan 1942 ôf 156.000 missys en smieten 608.612 ton oan bommen. Der binne totaal 3.249 Lancasters ferlern gien. De Lancaster dy't de measte missys op syn namme brocht fleach 139, en waard yn 1947 útrangearre. Dit tastel is fral ferneamd wurden troch it meidwaan oan operaasje Chastise yn 1943. Fierders hawwe Lancasters ferantwurdlik west foar it sinken fan it Dútske slachskip Tirpitz. De ûntwikkeling fan de Lancaster waard fuortset yn de Avro Lincoln, ek wol bekend as de Lancaster IV en V. Twa tastellen waarden nei de oarloch ynset by de loftbrêge nei Berlyn.
Lannen dêr't de Lancaster tsjinne hat
Technyske feiten
Avro Lancaster Mk. I | |
Kenngröße | Feiten |
---|---|
Lingte | 21,18m |
Hichte | 5,97m |
Spanwiidte | 31,09m |
Wjokoerflak | 120,80m² |
Leechgewicht | 16.705 kg |
Startgewicht | 30.800 kg |
Startgewicht (maks.) | 31.750 kg |
Oandriuwing | Fjouwer Rolls-Royce Merlin XX linemotors fan 1.280 HK it stik |
Heechste faasje | 448km/o op 5.600m hichte |
Krúsfaasje | 338km/o |
Stiichfaasje | 6.095m yn 41 min mei folsleine bommelading |
Maksimaal fleanberik | 2.675km mei 6.350kg bommen |
Tsjinstplafond | 7.467m |
Bemanning | 7 man |
Bewapening | Acht Browning masinegewearen kaliber 7,7 x 56 mm /.303 Britsk (7,7mm), oant 6.350kg bommen |
Besibbe ûntwerpen
- Boeing B-17 Flying Fortress
- Consolidated B-24 Liberator
- Focke Wulf Fw 200
- Handley Page Halifax
- Heinkel He 177A
- Heinkel He 177- Heinkel He 177B
- Junkers Ju 290
- Messerschmitt Me 264
- Petlyakov Pe-8
- Piaggio P.108B
- Short Stirling
- Vickers Windsor
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Avro Lancaster fan Wikimedia Commons. |