Auteursrjocht is it rjocht fan de auteur fan in wurk fan literatuer, wittenskip as keunst om behearskje te kinnen hoe, hoenear en wêr dat wurk fermanichfuldige as publisearre wurdt.
Wurken
It auteursrjocht is begûn as in rjocht foar skreaune wurken, lykas boeken, mar is sûnt útwreide nei opnommen wurken, lykas films, foto's en platen, oare keunstwurken, sêftguod en sjoernalistyk wurk. Foar dat lêste hat de wet aparte betingsten. De Nederlânske Hege Rie hat fêststeld dat eltse orizjinele skepping dêr't it stimpel fan de makker yn wer te kennen is auteursrjocht jout.
Duor
It auteursrjocht ûntstiet troch de skepping fan it wurk, en jildt yn de Jeropeeske Uny foar it libben fan de auteur, plus santich (kalinder)jier nei de dea. Dy tiid jildt ek as de auteur it rjocht ferkoft hat. Foar in wurk sûnder oanwiisbere auteur, lykas in ensyklopedy skreaun en redigearre troch ferskate skriuwers, jildt it auteursrjocht foar santich jier nei de skepping.
Skeining
It mei sin skeinen fan it auteursrjocht is yn Nederlân in misdied. Der kin oanjefte fan dien wurde, en der kin úteinlik in straf oplein wurde. Lykwols is skynber it tal fan oertrêdings sa grut dat allinnich grutskalige gefallen oanpakt wurde. It auteursrjocht is net in absolút rjocht; oare rjochten kinne it by gefal beheine.
Beheinings
- Wurken publisearre as nijs en aktualiteiten kinne troch oare nijsmedia, mei it neamen fan de boarne, sûnder tastimming oernaam wurde.
- It is tastien lytse stikken fan in wurk oan te heljen om it wurk besprekke te kinnen.
- It Nederlânske auteursrjocht stiet it meitsjen fan in beheind tal kopyen foar eigen gebrûk ta.
- Der is ien útsûndering op it fansels ûntstean fan auteursrjocht: foar wurken mei it iepenbier bewâld as komôf jildt gjin auteursrjocht, útsein der wurdt oanjûn dat der al auteursrjocht is.
Feriene Steaten
Mei it tanimmen fan de firtuele kontakten binne der twa begripen út de Feriene Steaten nei Nederlân kaam dy't hjir net jilde.
- Fair Use. Dat is in wat rommere regeling as allinnich it oanheljen om besprekke te kinnen, dêr't men ûnder oaren ek foar ûnderwiis parten fan in wurk mei oernimme mei. De betingsten binne net tige persys, en de measte ynwenners fan de Feriene Steaten dy't Fair Use brûke wolle, kinne net persys oanjouwe at de betingsten yn harren gefal jilde as net. Yn Jeropa is gjin Fair Use.
- Public Domain. Dit is de kolleksje fan alle wurken dêr't gjin auteursrjocht foar jildt. Sa'n begryp is der yn Nederlân net, mar it is yn Nederlân al mûglik om jins auteursrjochten ferfalle te litten. At it wurk ek net falt ûnder oare rjochten, lykas it portretrjocht, dan wurdt it dêrtroch frij fan rjochten.