Austin
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Travis County
Williamson County
Hays County
Sifers
Ynwennertal842.592 (2012)
Oerflak704 km² (ynkl. wetter)
686,1 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.1.292,1 / km²
Stêdekloft1.834.303 (2012)
Hichte149 m
Oar
Stifting1835
TiidsôneUTC -6
SimmertiidUTC -5
Koördinaten30°16′02″N 97°44′35″W
Offisjele webside
www.austintexas.gov
Kaart
De lizzing fan Austin yn Travis County en yn 'e steat Teksas.

Austin (útspr.: ['ɔ:stən]; likernôch: "ôs-tun") is de haadstêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. Yn geografysk opsjoch leit it sintraal yn 'e steat, oan 'e rivier de Kolorado, op in hichte fan 149 m boppe seenivo. Austin is teffens it haadplak fan it omlizzende Travis County, al stekke guon bûtenwiken fan 'e stêd út oer de grinzen fan Williamson County en Hays County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Austin doe goed 840.000 ynwenners, wêrmei't it de fjirde stêd fan Teksas is (nei Houston, San Antonio en Dallas) en de alfde posysje ynnimt op 'e ranglist fan 'e grutste stêden fan 'e Feriene Steaten. It is fierders it sintrum fan 'e stêdekloft Grut-Austin, dy't in befolking fan rom 1,8 miljoen minsken hat.

Skiednis

It gebiet dêr't no Austin leit, waard yn 'e tiid dat de earste Jeropeänen it besochten, bewenne troch de Tonkawa-Yndianen, wylst ek de Komansjen en de Lipan-Apachen der geregeldwei taholden. Om 1835 hinne begûnen har kolonisten nei wenjen te setten oan 'e rivier de Kolorado, yn Midden-Teksas, dy't harren delsetting Waterloo neamden. Nei't de Republyk Teksas yn 1836 ûnôfhinklik fan Meksiko wurden wie, kaam de fise-presidint, Mirabeau B. Lamar, mei it idee om 'e haadstêd fan 'e nije steat, dy't doe yn it eastlike Houston fêstige wie, te ferpleatsen nei in sintraler leine lokaasje. Yn 1839 waard it doarpke Waterloo dêrfoar útsocht en omneamd ta "Austin" (nei Stephen F. Austin, de "Heit fan Teksas"), wêrnei't it offisjeel de status fan stêd sawol as fan haadstêd taparte krige. De lêste Yndianen yn 'e krite, de Komansjen, waarden yn 1840 nei it Riedhûsgefjocht en de Slach by Plum Creek troch de Texas Rangers nei it westen ta ferdreaun.

It Steatskapitoal fan Teksas.

De earste en trêde presidint fan it ûnôfhinklike Teksas, Sam Houston (nei wa't de stêd Houston neamd is), wie in bittere rivaal fan syn eigen fise-presidint Lamar, en hy fersette him fûleindich tsjin it plan om 'e haadstêd te ferpleatsen nei wat yn dy tiid in ôfhandige wyldernis wie sûnder lykfol hokker foarsjennings. Hy brûkte sels in ynfal fan 'e Meksikanen yn 'e rjochting fan San Antonio, yn 1841, om te besykjen en ferpleats de haadstêd werom nei it easten ta. Houston en syn oanhingers diene doe daliks in ynfal yn it kadaster om op eigen manneboet alle offisjele dokuminten fan it Teksaanske regear werom te stjoeren nei Houston, mar dat waard harren troch de skandalisearre boargers fan Austin belet (dit ynsidint kaam letter bekend te stean as de Argyfoarloch). De dokuminten bleaune yn Austin, mar de sit fan it Teksaanske regear waard tydlik ferpleatst nei Washington oan de Brazos. Pas ûnder de fjirde presidint fan Teksas, Anson Jones, waard Austin yn 1845 foargoed de haadstêd. Doe't Teksas datselde jiers noch opnommen waard yn 'e Feriene Steaten, waard Austin fan 'e haadstêd fan in ûnôfhinklik lân ta in regionaal haadplak.

Yn 1860, oan 'e foarjûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), bestie krapoan twafyfde fan 'e befolking fan Austin en omkriten út swarte slaven. Austin en oare Middenteksaanske mienskippen stimden tsjin 'e ôfskieding fan 'e Uny, mar se wiene yn 'e minderheid, en Teksas sleat him dochs oan by de Konfederearre Steaten fan Amearika. Doe't nei ôfrin fan 'e oarloch de slavernij ôfskaft waard, fûn der in dramatyske taname fan it tal swarten yn en om Austin plak, en ferskate swarte delsettings waarden doe yn 'e omkriten stifte. Mar ek almar mear blanken fêstigen har yn Austin, fral nei't de oanlis fan 'e Texas Central Railway de stêd yn 1871 oansleat op it Amerikaanske spoarnetwurk. Austin ûntjoech him yn it lêste trêdepart fan 'e njoggentjinde iuw ta in wichtich ferkears- en hannelsknooppunt, en yn 1900 hie it rom 22.000 ynwenners.

De Congress Avenue Bridge.

Yn 'e iere tweintichste iuw ûntjoech him yn 'e stêd in trijefâldich rasseskiedingssysteem, wêrby't blanken, swarten en Latino's yn hast alle aspekten fan it libben útinoar holden waarden (wêrûnder húsfêsting, sûnenssoarch en ûnderwiis). In protte fan 'e ynvestearrings yn 'e gemeentlike ynfrastruktuer wiene mei sin ûntwurpen om dizze segregaasje mooglik te meitsjen of oan te skerpjen. Pas oan it begjin fan 'e santiger jierren soe dit systeem, ûnder swiere druk fan it nasjonale regear yn it fiere Washington, D.C., ôfskaft wurde. Fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf ûntstie der in ûnbidige ekonomyske bloei doe't der yn Teksas grutte foarrieden ierdoalje ûntdutsen waarden.

Austin hjoed de dei

De ekonomy fan Austin is hjoed oan 'e dei foar in grut part basearre op kompjûtertechnology. Under de bedriuwen dy't har haadkantoaren of wichtige regionale kantoaren yn Austin hawwe, binne Apple, eBay, Google, IBM, Intel en Texas Instruments. It wrâldwide haadkantoar fan Dell is fêstige yn Round Rock, in foarstêd fan Austin. Sadwaande wurde Austin en omkriten, nei it Kalifornyske Silicon Valley en wol de Silicon Hills neamd. Njonken kompjûtertechnology is Austin ek in sintrum fan 'e farmaseutyske en biotechnology.

Wat ferfier oangiet, wurdt de stêd betsjinne troch it Austin-Bergstrom International Airport, de eardere Loftmachtbasis Bergstrom, 8 km bûten de beboude kom. Op it mêd fan heger ûnderwiis is der de Universiteit fan Teksas te Austin, it wichtichste ûnderdiel fan 'e gruttere Universiteit fan Teksas, mei fêstigings yn 'e hiele steat. Oan 'e Universiteit fan Teksas te Austin studearje mear as 38.000 studinten en 12.000 doktoraalstudinten. Oare wichtige ynstituten foar heger ûnderwiis yn 'e stêd binne de St. Edward's University, it Austin Community College, de Concordia Universiteit en de Huston-Tillotson Universiteit. Austin is de grutste stêd yn 'e Feriene Steaten sûnder ien inkele sportklub yn in profesjonele sportkompetysje.

De Universiteit fan Teksas te Austin.

Op it mêd fan toerisme, besjensweardichheden en ferdivedaasje hat Austin it Texas Memorial Museum (oer de steat Teksas en syn skiednis), it Bob Bullock Steatshistoarysk Museum fan Teksas (dat bestiet sûnt 2000) en twa wichtige keunstmuseä, it Blanton Museum of Art en it Austin Museum of Art (AMOA). Ek is yn Austin de Lyndon Baines Johnson Library and Museum fêstige, dêr't de argiven fan it regear fan presidint Lyndon B. Johnson (1963-1969) opslein lizze, mei in museum oer syn regearperioade derby. Sûnt 1987 wurdt elts jier mids maart it evenemint South by Southwest yn Austin holden, dat bestiet út in parallel organisearre filmfestival, muzykfestival, konvinsje anneks fakbeurs op it mêd fan ynteraktive media en konvinsje oer ûnderwiiskundige ynnovaasje. Yn septimber, resp. oktober fine yn 'e stêd elts jier de filmfestivals Fantastic Fest, resp. it Filmfestival fan Austin plak.

De Austin Zoo, de (net sa) pleatslike dieretún, stiet net yn Austin sels, mar bûten de beboude kom yn it westen fan Travis County. It is ek gjin gewoane dieretún, mar in opfangdieretún, wat sizze wol dat der bisten opfongen wurde dy't nearne oars telâne kinne, wêrûnder ek skrinende gefallen fan ferwaarleazging fan eksoatyske bisten dy't yn Teksas (legaal) as húsdier holden wurde. Austin is fierders it wenplak fan wrâlds grutste stedske populaasje fan gûanoflearmûzen, dy't by 't simmer oerdeis ûnder de Ann W. Richards Congress Avenue Bridge tahâlde. It útfleanen fan oardel miljoen bisten yn 'e jûnsskimer is in spektakel dat jiers mear as 100.000 taskôgers lûkt.

It stedhûs fan Austin.

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Austin 6,7% âlder as 65 jier en 22,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 46,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 14,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 sa: 48,7% blanken; 35,1% Latino's; 8,1% swarten; 6,3% Aziaten; 0,9% Yndianen; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Befolkingsgroei

It Cowboymonumint foar it Steatskapitoal fan Teksas.
Jier Ynwennertal
1850 629
1900 22.258
1920 34.876
1940 87.930
1950 132.459
1960 186.545
1970 251.808
1980 345.496
1990 472.020
2000 656.562
2010 790.390
2012 842.592
De skyline fan Austin op in ljochtmoanne nacht.

Berne yn Austin

Klimaat

Austin hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte simmers en mylde winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 36,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 16,4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 44 °C op 5 septimber 2000 en op 28 augustus 2011, en –19 °C op 31 jannewaris 1949. Austin kriget jiers trochinoar 871,1 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield oardel sm snie. Yn 1985 foel der 7½ sm yn ien kear, wat de hiele stêd twa dagen lam lei. Jiers binne der trochstrings 13 dagen dat de temperatuer yn Austin (yn 'e regel allinne nachts) ûnder it friespunt sakket.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.