Auroara.

Auroara is de Romeinske goadinne fan de dage, dy’t in soad oerienkomsten hie mei de Grykske goadinne Eos. Auroara is it Latynske wurd foar de dage.

Auroara wernijde har sels eltse moarn, by de dage fleach se troch de loft. Se kundiget dan de moarn oan. Se hat in broer en in suster. Har broer is de sinnegod Sol en harren suster is de moannegoadinne Lûna. Se hat ferskate manlju en fjouwer soannen, ien foar eltse haadwynrjochting, Noard, East, Súd en West.

Yn fergelyk kin Auroara yn ferbân brocht wurde mei Eos yn de Grykske mytology en Ushas yn de mytology fan de Hindûs.

Ien fan har manlju wie Tithonus. Auroara frege Seus om him ûnstjerlikens te jaan, mar se fergeat te freegjen om ivich jong te wêzen. Dat Tithonys waard foar ivich âlder.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.