Auke Scholma
sporter
Auke Scholma
Auke Scholma
persoanlike bysûnderheden
bertedatum26 augustus 1956
berteplakDe Pein
sportive ynformaasje
sportDamjen
ekstraYtlike kearen Frysk kampioen, provinsjaal kampioen. Ek Ned. kampioen. 5e WK 2007

Auke Scholma (De Pein, 26 augustus 1956) is in Fryske Ynternasjonaal grutmaster damjen, dy't tsjintwurdich yn de Grinslanner Baflo wennet.

Hy groeide as dammer op by Ons Genoegen Drachten en waard as lid fan dy klup Nederlânsk junioarekampioen sneldamjen en Frysk kampioen yn 1975. Dêrnei waard hy lid fan Damklup Huzum yn Ljouwert. As lid fan dy klup waard hy yn 1979 en 1981 wer Frysk kampioen. Hy waard Frysk sneldamkampioen yn 1977, 1979, 1980 en 1981.

Dêrnei ferhuze hy nei Grinslân wêr't hy yn 1991 provinsjaal kampioen waard en yn 1984, 1987, 1995, 2000 en 2002 sneldamkampioen. Hy is lid fan Damferiening Warffum om op dy klup trainingspartijen te spyljen.

Syn earste grutte súkses helle hy yn 1995 mei it winnen fan it Nederlânsk Kampioenskip yn Stadskanaal. Nei de Nederlânske titel bruts in net botte súksesfolle perioade foar him oan dy't hy trochbruts mei it winnen fan it simmertoernoai fan Nymwegen (2001) (syn twadde grutte súkses) wêryn't hy de wrâldtop efter him liet.

Auke einige yn it NK 2006 nei in swiere striid mei de uteinlike kampioen Kees Thijssen op it 3e plak. Yn it NK 2007 einige hy op it tredde plak wêrmei't er him pleatste foar it WK 2007 yn Hardenberg. Dêryn ferraste hy yn positive sin troch op it 5e plak te einigjen (syn tredde grutte súkses) foar de oare Nederlanners, alle Afrikanen en eks-wrâldkampioen Guntis Valneris. Hy fersloech geregeldwei supergrutmasters (Alexei Tsjizjov, Piet Roozenburg, Ton Sijbrands, Harm Wiersma 2x en Alexander Schwartzman), spile yn 2007 syn 23e NK-finale en is in partijproblemist mei orizjinele ideeën. Ek wie hy sekondant fan Sijbrands en Wiersma.

Op 1 july 2008 hie hy in KNDB-Rating fan 1462, hjirmei is hy 30e op de ranglist. Hy hat de titels Ynternasjonaal en Nasjonaal Grutmaster.

Oersjoch resultaten

Tastân 2013: Scholma die totaal 27 kear mei oan it Nederlânsk kampioenskip damjen, mei de folgjende resultaten:

jierlokaasjeplakjierlokaasjeplakjierlokaasjeplakjierlokaasjeplak
1978Zevenaar10e1991Drachten10e2000Hengelo12e2010Emmen7e
1981Assen7e1992Surhústerfean2e2002Velp5e2012Heerhugowaard5e
1983Skagen3e1993Apeldoarn8e2003Amsterdam6e 2013Stienwyk3e
1984Huissen5e1994Huissen10e2004Huissen9e
1985Abcoude6e1995Stedskanaal1e2005Grins9e
1987Nijverdal7e1996Stienwyk7e2006Culemborg2e
1988Putten7e1998Hoogezand-Sappemeer12e2007Soest2e
1990De Helder7e1999Huissen6e2008Emmeloard9e

Tastân 2013: Scholma die totaal 5 kear mei oan it Jeropeesk kampioenskip damjen, mei de folgjende resultaten:

jierlokaasjeplak
1983Dimter4e
1995Lubliniec9e
2002Domburch7e
2006Bovec25e
2012Emmen30e
-

Tastân 2013: Scholma die totaal 3 kear mei oan it Wrâldkampioenskip damjen, mei de folgjende resultaten:

jierlokaasjeplak
1984Dakar11e
1992Toulon13e
2007Hardenberg5e
-
-
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.