Auke Hettema (Ljouwert, 7 desimber 1927 - Amsterdam, 19 maaie 2004) wie in Frysk byldhouwer.
Libben en wurk
Hettema studearre fan 1947 ôf, tagelyk mei syn twillingbroer Renze Hettema, byldhoukeunst by ûnder oaren heechlearaar Piet Esser oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam, de stêd dêr't er syn hiele libben wenje bleau.
Hettema behearde ta de generaasje Nederlânske byldhouwers dy't nei de Twadde Wrâldkriich harren karriêre út ein setten mei it meitsjen fan oarlochs- en fersetsmonuminten. In foarbyld dêrfan is it fersetsmonumint yn de Prinsetún y Ljouwert.
Yn 1951 waard de Prix de Rome oan Hettema takend.
Wurken in Fryslân
Fotogalery
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Auke Hettema fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.