Auke Bruinsma (Snits, 1749 - dêre, 1819[1]) wie in Nederlânsk arsjitekt en is meast bekend as stedsarsjitekt fan Snits.

Hy wenne yn in steatlik pân oan it Lytssân yn Snits en wie dêr de buorman fan it ferneamde skaai Noyon.[2]

As stedsarsjitekt hat Bruinsma ferskate prestiizjeuske gebouwen op syn namme brocht, in protte dêrfan binne wilens Ryksmonumint wurden. Under syn wurk binne ferskate hearehuzen oan it Grutsân en it Lytssân (û.o. Fredehiem). Bruinsma is ek ferantwurdlik foar in part fan de oanbou fan it Stedhûs fan Snits en it ûntwerp fan it steatlike pân Wide Noarderherne 1. Wierskynlik ûntwurp er ek de pastorij fan Nijlân.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nationaal Architectuur Instituut: Auke Bruinsma
  2. Frysk Skipfeart Museum: FSM001011902
  3. Frysk Skipfeart Museum: 2003-098
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.