Auguste Duméril | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Auguste Henri André Duméril | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 30 novimber 1812 | |
berteplak | Parys (Frankryk) | |
stoarn | 12 novimber 1870 | |
stjerplak | Parys (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biolooch, anatoom | |
aktyf as | herpetolooch, ichtyolooch, soölooch, publisist, heechlearaar | |
jierren aktyf | 1832 – 1870 |
Auguste Duméril (folút: Auguste Henri André Duméril; Parys, 30 novimber 1812 – dêre, 12 novimber 1870) wie in Frânsk biolooch, heechlearaar en publisist. Hy wie de soan fan 'e tige foaroansteande soölooch André Marie Constant Duméril, en trêde yn syn heite fuotleasten troch him benammentlik ta te lizzen op 'e mêden fan 'e herpetology en de ichtyology.
Libben en karriêre
Karriêre
Auguste Duméril waard yn 1812 berne as de soan fan 'e foaroansteande herpetolooch en ichtyolooch André Marie Constant Duméril. Hy genoat syn oplieding oan 'e Sorbonne, en waard oan dyselde universiteit yn 1844 beneamd ta lektor yn 'e ferlykjende fysiology. Fanôf 1848 wurke er nau gear mei syn heit, û.m. by de gearstalling fan it wurk Catalogue Méthodique de la Collection des Reptiles, dat yn 1851 publisearre waard ûnder harren beider namme, hoewol't de jongere Duméril dêrfoar nei't it skynt fierwei it measte wurk ferset hie. Yn 1857 folge Duméril syn heit op as heechlearaar herpetology en ichtyology oan it Nasjonaal Natoerhistoarysk Museum yn Parys.
Nei syn heite ferstjerren, yn 1860, hie Duméril gedoente mei de soölooch Marie Firmin Bocourt, mei wa't er gearwurke oan Mission Scientifique au Mexique et dans l'Amérique Centrale, in publikaasje dy't it resultaat wie fan Bocourt syn fjildwurk yn Meksiko en Midden-Amearika tusken 1864 en 1866. It stik oer reptilen dêryn wurdt rûnom beskôge as Duméril syn bêste wurk. Teffens publisearre er yn 1865 en 1870 de beide dielen fan syn ichtyologyske stúdzje Histoire Naturelle des Poissons, ou Ichtyologie Générale, wêrmei't er it eardere wurk fan Georges Cuvier en Achille Valenciennes oanfolle troch soarten te beskriuwen dy't troch harren net behannele wiene.
Ferstjerren
Duméril kaam yn 1870, ûnder it Belis fan Parys, te ferstjerren yn 'e âlderdom fan net earlik 58 jier. Syn wurk waard neitiid fuortset troch Bocourt en Léon Vaillant.
Wurk (in kar)
- 1851 – Catalogue Méthodique de la Collection des Reptiles (mei André Marie Constant Duméril)
- 1865-1870 – Histoire Naturelle des Poissons, ou Ichtyologie Générale
- 1868-1891 – Mission Scientifique au Mexique et dans l'Amérique Centrale (mei Marie Firmin Bocourt)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |