August von Wassermann

August Paul von Wassermann (Bamberch, 21 febrewaris 1866 - 16 maart 1925) wie in Dútsk dokter en bakteriolooch fan joadsk komôf.

Biografy

Hy waard berne yn Bamberch as twadde soan fan Hofbankier Angelo von Wassermann. Hy boaske yn 1895[1] oan Alice Taussig (1874–1943), dochter fan Theodor von Taussig en suster fan de skilderesse Helene von Taussig (1879–1942).[2] Alice von Wassermann waard – lykas ek har suster Clara von Hatvany-Deutsch en Helene von Taussig – slachtoffer fan de Holokaust.

Hy studearre medisinen fan 1884 oant 1889 oan de Universiteit fan Erlangen en de Universiteit fan Straasburch. Fan 1890 ôf wurke er ûnder Robert Koch oan it Ynstitút foar Ynfeksjesykten yn de Charité yn Berlyn. Hy fûn de komplemint-biningsreaksje foar de diagnoaze fan syfilis út yn 1906, presys in jier nei't it mikro-organisme dat dy sykte feroarsake fûn wie troch Fritz Schaudinn en Erich Hoffmann. Hy waard haad fan de ôfdieling yn 1907.

De Wassermannreaksje is wilens (hast oeral) ferfongen troch modernere diagnostyske testen, mei as wichtichste de Treponema Pallidum Haemagglutinatie Assay (TPHA).

Wassermann wie de earste dy't de Aronsonpriis ûntfong yn 1921. Yn 'e mande mei Wilhelm Kolle publisearre er it Handbuch der Pathogenen Mikroorganismen (seis diele.).


Keppeling om utens

Wikiboarne De folseine tekst op Wikiboarne as [[oldwikisource:|]].
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Trauungs-Buch für die Israel. Cultusgemeinde in Wien
  2. Familienstammbaum (ingl.)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.