| |||
Lân | Dútslân | ||
Dielsteat: | Beieren | ||
Krite: | Kreisfreie Stadt | ||
Ynwennertal | 276.542 (2013) | ||
Oerflak: | 146,93 km² | ||
Tiidsône: | CET/CEST (UTC+1/+2) | ||
Koördinaten: | 48° 22′ N, 10° 54′ E | ||
Webside: | www.augsburg.de |
Augsburg (Beiersk: Augschburg) is in kreisfreie stêd yn it suden fan Dútslân. It is de haadstêd fan it Regierungsbezirk Swaben yn Beieren en leit oan de rivier de Lech. Yn Augsburg wenje 266.647 minsken en is neffens grutte de tredde stêd fan de dielsteat nei München en Nürnberg.
De namme fan de stêd komt fan it Romeinske legerplak en lettere Romeinske provinsjehaadstêd Augusta Vindelicorum (ek wol Augusta Vindelicum neamd), dy't 15 foar Kr. ûnder de Romeinske keizer Augustus as Castra oprjochte waard. Dêrom heart de stêd ta de âldste fan Dútslân.
Augsburg is de iennige Dútskse stêd mei in eigen offisjele feestdei, it Augsburger Hohes Friedensfest, dat alle jierren op 8 augustus fierd wurdt.
Stedsdielen
I: Innenstadt
II: Oberhausen
III: Bärenkeller
IV: Firnhaberau
V: Hammerschmiede
VI: Lechhausen
VII: Kriegshaber
VIII: Pfersee
IX: Hochfeld
X: Antonsviertel
XI: Spickel-Herrenbach
XII: Hochzoll
XIII: Haunstetten-Siebenbrunn
XIV: Göggingen
XV: Inningen
XVI: Bergheim
XVII: Universitätsviertel
- Stedhûs
- Fünfgratturm toer
- Synagoge fan Augsburg
- St. Ulrich- en St. Afra-katedraal
- Evangelyske tsjerke St.Jakob
- It Fuggerhaeuser Stadtpalast
- Stânbyld fan de hillige Afra fan Augsburg († 304), Biskop Simpert (links, om 750–807) en Biskop Ulrich fan Augsburg (890–973)
- De Lech by Augsburg
Yndustry
- Faurecia
- KUKA Robots Industriels
- MAN
- NCR
- Siemens
- EADS
- Fujitsu Siemens Computers
- WashTec
- Böwe systec AG
Berne yn Augsburg
- Jörg Breu de Aldere, (1475-1537), skilder en tekener
- Hans Holbein de Jonge (1497/98-1543), keunstskilder
- Leopold Mozart (1719-1787), heit fan Wolfgang Amadeus Mozart
- Marie Louise fan Wallersee (1858-1940), nicht fan keizerinne Elisabeth fan Eastenryk
- Albert Neudel (1867-1942), komponist en dirigint
- Hans von Euler-Chelpin (1873-1964), Sweedsk biogemist
- Wilhelm Marschall (1886-1976), admiraal by de Kriegsmarine
- Bertolt Brecht (1898-1956), (East-)Dútsk dichter, (toaniel)skriuwer en toanielregisseur
- Magda Schneider (1909-1996), toanielspylster, mem fan Romy Schneider
- Hans W. Geißendörfer (1941), filmregisseur
- Wolf Blitzer (1948), Amerikaansk sjoernalist
- Harry Groener (1951), Amerikaansk akteur
- Peter Dempf (1959), auteur