Audulf
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Frysk
bertedatum ?
stjerdatumsa. 630
Kening fan de Friezen
regear±600 – ±630
foargongerûnbekend (earst bekende: Finn)
opfolgerûnbekend (earst bekende: Aldgillis)

Audulf of Audwulf, (Latynsk: Audulfus) wie in Fryske kening út 'e tiid fan it Grutte Folkeferfarren. Hy moat regearre hawwe fan likernôch 600 oant om-ende-by 630. It is net bekend wa't syn foargonger of opfolger wiene. Dizze kening is net bekend út histoaryske boarnen, mar inkeld fan 'e munten dy't yn syn namme slein waarden, en wêrfan't guon by opgravings weromfûn binne, û.m. yn noardlik Westergoa. It measte dat tsjintwurdich oer Audulf bekend is, berêst sadwaande op oannames en ûnderstellingen.

Audulf op munten

De measte op dit mêd saakkundige wittenskippers geane derfan út dat der yn 'e earste helte fan de sânde iuw in kening oer de Friezen hearske dy't fan Audulf hiet. Dy namme is gearstald út 'e Aldfryske wurden foar adel en foar wolf, en soe dus oerset wurde kinne as "aadlike wolf". It grûngebiet dêr't dizze kening oer hearske hat, lei mooglik yn Middennederlânske gebiet fan 'e Grutte Rivieren, dat no fier besuden Fryslân leit, mar doe ta de Fryske Seelannen hearde.

De skreaune boarnen jouwe gjin ynformaasje oer dizze foarst, mar der binne goudene munten fûn mei it opskrift "Audulfus" en "Frisia". De Fryske lannen bestiene doedestiden út ferskate lytse politike ienheden, elts mei in eigen machtsintrum en kening. Opgravings yn noardlik Westergoa hawwe oantoand dat sa'n hearsker yn dy tiid ek bestien hat yn 'e tsjintwurdige provinsje Fryslân.

De munten mei "Audulfus" derop binne yn Nederlân fûn wurden yn Escharen en yn 'e omkriten fan Arnhim, en teffens yn Ingelân. Se binne nei alle gedachten slein tusken 600 en 630. Begjin 2006 waard yn Winaam in muntstimpel fûn mei de tekst "AUDWULF FRISIA", op it plak dêr't al earder socht wie nei in "keningshal" fan in Fryske kening.

Oerwinning op 'e Franken

In oare bysûndere fynst dy 't yn ferbân brocht wurdt mei Audulf is de goudskat fan Wiuwert. Dêr siet in munt by mei it opskrift "VICTORIA AUDUFO", dy 't wierskynlik slein waard nei it beheljen fan in wichtige oerwinning. It folk dat it meast as tsjinstanner fan kening Audulf yn 'e beneaming komt, binne de Franken, dy't de Friezen doedestiden de hearskippij oer de mûning fan de Ryn bekreauden. Neffens histoarikus K.P.H. Faber fûn der yn 605 in fjildslach plak by Keulen, dêr't de Friezen wolris yn behelle wêze hawwe kind. Dat soe dan mooglik Audulf syn oerwinning wêze kinne.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Faber, K.P.H., Audulfus, een Friese Koning, in Fryslân, Nieuwsblad voor Geschiedenis en Cultuur, no.4, 4e jiergong, desimber 1998.
  • Halbertsma, Herre, Frieslands Oudheid, Utert, 2000, s. 68.

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.