Atletyk is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Spullen steane. De sport is tagonklik foar sporters mei in lichaamlike beheining.

Skiednis

Atletyk stiet sûnt de earste Paralympyske Spullen (1960) op it programma. By de earste edysje waard er sporten yn 5 dissiplines yn 3 klassen. Yn 2008 wiene der alve dissiplines by de Manlju en sân by de Froulju.

Materiaal

It is atleten tastien om spesifike helpmiddels te brûken. Dy moatte dan wol foldwaan oan de easken dy’t troch it YPK steld binne.

  • Wheeler Rolstoel; Spesjale race-rolstuollen wurde brûkt foar de rinûnderdielen
  • Protezen; fuotprotezes binne by de baanûnderdielen ferplichte, by de fjildûnderdielen opsjoneel.
  • Tou wurdt brûkt om de fisueel beheinde rinners fêst te meitsjen oan har foarrinner by de rinûnderdielen.
  • Akoestyske helpmiddels as in assistint binne tastien foar fisueel beheinde atleten ter yndikaasje fan de ôfsetlokaasje by de springûnderdielen en de smytsône by de smytûnderdielen.

Klasifikaasje

Sporters wurde klassifisearre ôfhinklik fan har funksjonele mooglikheden om in bepaalde slach út te fieren. Dat klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining mei inoar stride kinne.

De hjoeddeistige klassifikaasje is sûnt Sydney 2000 as folgjende yndield:

  • 11–13: atleten mei in fisuele beheining
  • 20: atleten mei in ferstanlike Beheining (Sûnt Sydney 2000 net mear aktyf by de Paralympics)
  • 32–38: atleten mei in harsenferlamming: 32-34: rôlstoel; 35-38: rinnend
  • 40–46: atleten mei in amputaasje en sporters mei beheinings dy’t net by in oare kategory hearre; wêrrûnder atleten mei dwerchgroei, multiple sclerose as ôfwikingen aan de ledematen bygelyks feroarsake troch softenon.
  • 51–54: atleten yn in rolstoel feroarsake troch ferlamming fan de ûnderste ledematen bygelyks troch Iepen Rêch, in Dwerslesy as amputaasje.

De klassen wurde sûnt Atlanta 1996 foarôfgien troch in letter "T" (baan), "F" (field) as "P" (mearkamp).

Dissiplines

Der binne op de Paralympyske Simmerspullen by it Atletyk troch de jierren hinne ferskeidene en somtiden bysûndere dissiplines beoefene. Hjoed de dei binne de dissiplines gelyk oan dy fan de reguliere Atletyk.

19601964196819721976198019841988199219962000200420082012
Cross CountryXX
DiskussmiteXXXXXXXXXXXX
EstafetteXXXXXXXXXXX
FierspringeXXXXXXXXX
FiifkampXXXXXXXXXXXXX
Fuotbal ÔfstânX
HurdrinneXXXXXXXXX
Hink-stap-springeXXXXXXXX
HeechspringeXXXXXXXXX
KegelsmiteXXXXXXXXXXXX
KûgelstjitteXXXXXXXXXXXXX
Kening fan de sprintX
MaratonXXXXXXX
Medisynbal smiteX
ôfstânssmiteXX
Presyzje KegelsmiteX
Presyzje SpearsmiteXXXX
Presyzje FuotbalX
Presyzje smiteXX
Rolstoel Estafette*X
SlachbalX
SlalomXXXXXXX
SpearsmiteXXXXXXXXXXXXX
Wheelen*XXX

*Sûnt 1968 heart de dissipline Rolstoel Estafette binnen de dissipline estafette, en sûnt 1976 heart de dissipline wheelen binnen de rindissiplines: Hurdrinne en maraton. Tsjintwurdich bekend as de klassen 51 t/m 54.

Sjoch ek

Keppeling op utens


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
wizigje


Atletyk op de Paralympyske Simmerspullen
Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.