NASA-satellytfoto, mei de hiele Atlas read arseare.

It Atlasberchtme (ek skreaun as Atlasberchte) (Arabysk: جبال الأطلس) is in berchte yn it noardwesten fan Afrika. It leit te suden fan de westlike Middellânske See en rint fan west nei east troch Marokko, Algerije en Tuneezje.

It berchtme is ûntstien as gefolch fan tektoanyske wurking fan de Afrikaanske plaat tsjin de Euraziatyske plaat.

De heechste piken reitsje boppe de 4000 meter en dêr binne guons fan dêr't ek ivige snie op leit.

It gebiet fan de Atlas kin ûnderferdield wurde yn meardere berchtmen. De grutste en wichtichste binne, rûchwei fan west nei east:

  • Anty-Atlas (Marokko)
  • Hege Atlas (Marokko)
  • Lytse Atlas (of Tell-Atlas) (Algerije en Marokko)
  • Midden-Atlas (Marokko)
  • Sahara-Atlas (Algerije en Marokko)
  • Nemenchaberchte (Tuneezje)

It Rifberchte (yn Marokko) wurdt net ta de Atlas rekkene. Op de ôfbylding is dat net goed arseare.

Skygebieten yn de Atlas

  • Azrou / Ifrane / Mischliffen
  • Oukaimeden
  • Djebel Toubkal

Skiednis en Mytology

Homerus und Herodotus, de grykske dichter en histoarikus út de Klassike Aldheid, seagen yn de Atlas de westlike grins fan de destiids bekende wrâld. Neffens de leginde draacht Atlas it himelferwulf op syn skouders en is de grûnlizzer fan it Atlasberchte.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.