Ate Scheverstein, (Doopt yn Ljouwert, febrewaris 1693 - dêre, septimber 1773 ), wie in sulversmid fan Ljouwert en waard master yn 1719. Hy troude te Ljouwert yn 1720 mei Fettje van Asten, dochter fan sulversmid Bernardus van Asten.
As soan fan boekferkeaper Johannes Scheverstein waard Scheverstein karmaster fan it gilde tusken 1720 - 1721. De sulveren berteleppel foar Eelco Napjus wurdt bewarre yn it Frysk Skipfeart Museum yn Snits. Op de leppel dy't jûn waard troch de beppe stiet Eelco Napjus van Koten geboren den 2 augustus 1829. C.H. Napjus 1866. Dat de leppel is âlder as de earste ynskripsje.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.