Ateïstysk symboal
Persintaazje minsken yn Jeropa dy't sizze dat se ateïst binne (2005)

Ateïsme is de ôfwêzichheid fan leauwen yn ien of meardere (persoanlike) goaden, of de oanname dat er gjin god of goaden bestean kinne.

Yn de 19e iuw wie de (herfoarme) folkstsjerke ferstive. It moraalpreekjen fan de moderne prekers as Algra en it net ferstean fan de sosjale need (M. Staverman) ferfrjemde in soad arbeiders fan de tsjerke. Ek oare faktoaren spilen dêryn mei (J.P. Kruyt). De bûtentsjerklikens groeide, benammen yn It Bilt en de feanstreken. Dy arbeiders waarden fetber foar it ateïsme dat propagearre waard troch de frijtinkers fan de Dagerea (1856 - 1957, fuortset ûnder namme De Vrije Gedachte). De Fryske arbeider seach de earmoede om him hinne en koe net leauwe dat in god dêr de hân yn hawwe soe.

In soad leden fan de Folkspartij wiene militant ateïst, ûnder oare Vitus Bruinsma. Sosjalist en ateïst waarden ien begryp. De lettere SDAP stie alteast yn it begjin, praktysk op histoarysk-materialistysk stânpunt en wurke sa it ateïsme yn de hân. Hy wantroude elk kristlik begjinsel. Nei de Earste Wrâldoarloch sloech dat om. It wie net mear in striidber ateïsme mar folsleine ûnferskillichheid foar it kristendom oer. It Humanisme fong dêrfan in lyts, yntellektueel diel op. De Dagereagroep hie noch ynfloed ûnder de arbeiders dy't net trochleard hienen en guon yntellektuelen.

Literatuer

  • Richard Dawkins (2006), God als misvatting. Nieuw Amsterdam.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Atheïsme.
  • O. Noordenbos - Het atheïsme in Nederland in de 19e eeuw (Rotterdam, 1931)
  • M. Staverman - O.F.M., Buitenkerkelijkheid in Friesland (Assen, 1954)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.