Atapaskyske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Atabaskyske talen | |
lokaasje | westlik Noard-Amearika | |
tal talen | 44 | |
tal sprekkers | ±214.000 (2010) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Dené-Jenisejaansk ● Na-Dené ● Ejak-Atapaskysk ● Atapaskyske talen | |
subgroepen | ● Noardatapaskysk ● Pasifysk-Atapaskysk ● Súdatapaskysk | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | ath |
De Atapaskyske talen of Atabaskyske talen foarmje in taalgroep fan 'e Na-Dené-talen, dêr't se fierwei it grutste part fan útmeitsje. Se wurde sprutsen troch in oansjenlik tal Yndiaanske folken yn Alaska, noardwestlik Kanada, it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten en by de Pasifyske kust fan Oregon en noardlik Kalifornje lâns. Yn 2010 waard besifere dat it totale taalgebiet fan 'e 44 Atapaskyske talen yn Noard-Amearika 4.022.000 km² bedraacht. Hoewol't de term 'Atapaskysk' noch altyd it meast brûkt wurdt yn 'e taalkunde en de antropology, bestiet der in groeiende trend om ynstee fan Dené-talen te sprekken.
Etymology
De term 'Atapaskysk' komt fan in anglisearre foarm fan 'e namme yn 'e Algonkwynske Kry-taal foar de Atabaskamar, op 'e grins fan 'e Kanadeeske provinsjes Saskatchewan en Alberta. Yn it Kry is dy namme Aδapaska˙w, wat betsjut "dêr't reiden binne, de iene nei de oare". De namme 'Atapaskysk' waard yn 1836 troch de taalkundige Albert Gallatin oan 'e taalgroep jûn, doe't er besocht de Yndiaanske talen fan Noard-Amearika te klassifisearjen. Dêrby joech er ta dat de namme en de taalgroep net folle mei-inoar te krijen hiene, en dat er de namme op willekeurige basis tawiisd hie. De staverings mei in p ('Atapaskysk') en mei in b ('Atabaskysk') komme yn 'e wittenskiplike literatuer frijwol likefolle foar.
Oarsprong
It oarsprongsgebiet fan 'e Atapaskyske taalfamylje is wierskynlik de Delling fan 'e Tanana, yn it eastlik-sintrale part fan Alaska. Troch taalkundich en argeologysk ûndersyk is nammentlik fêststeld dat der in protte oerienkomsten binne tusken de wurdskat fan it Proto-Atapaskysk, de oertaal dêr't alle Atapaskyske talen op weromgeane, en argeologyske fynplakken lykas Upward Sun, Swan Point en Broken Mammoth. De Noardatapaskyske taalgroep omfiemet fierders ek de talen dy't de measte en sterkste taalkundich argayske skaaimerken hawwe, lykas it Kojûkon, it Aatna, it Tanaina en it Dragersk (Carrier).
Talen
De Atapaskyske talen falle útinoar yn trije lytsere taalkloften, te witten de Noardatapaskyske talen yn Alaska en noardwestlik Kanada; de Pasifysk-Atapaskyske talen by de Pasifyske kust fan Oregon en noardlik Kalifornje lâns; en de Súdatapaskyske talen yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten.
De grutste Atapaskyske taal is it Navaho, út 'e súdlike groep, dat 170.000 sprekkers hat. Ek alle Apache-talen hearre ta de Súdatapaskyske taalgroep, en it Westlik Apache is mei 14.000 sprekkers de op ien nei grutste Atapaskyske taal. Fan 'e oare talen, benammen út 'e Pasifyske groep en de Noardatapaskyske talen út Alaska, ferkeare in protte op it rântsje fan it útstjerren, mei mar inkele hûnderten of sels mar tsientallen sprekkers. It Tsjippewaien, in Noardatapaskyske taal út noardwestlik Kanada, mei 12.000 sprekkers, hat kwa oerflak it grutste taalgebiet fan alle Yndiaanske talen yn Noard-Amearika.
Underferdieling
N.B.: de Noardatapaskyske talen en de Pasifysk-Atapaskyske talen wurde ornaris foar de oersichtlikheid yndield yn ferskate subgroepen, dy't lykwols inkeld op basis fan geografy gearstald binne, en neat sizze oer de ûnderlinge besibskip fan 'e oangeande talen.
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |