Asterix de Galjer (ek Asterix de Goljer) is in Frânske tekenteltsje-rige, fan 1959 ôf skreaun troch Goscinny en tekene troch Uderzo. Nei it ferstjerren fan Goscinny yn 1977 gong Uderzo allinnich troch mei de rige, mei as earste album #25, De grutte kleau 1980. Fan album #35 ôf, 2013, hat er de rige oerdroegen oan Ferri en Conrad.
Eftergrûn
De teltsjes spylje yn 50 f.Kr.. It grûnstee is in doarpke yn Bretanje. Julius Caesar hat Galje oermastere, en it is allinnich dit iene doarpke dat noch frij is. Twa fan de ynwenners binne Asterix en syn freon Obelix en de aventoeren fan dy twa foarmje de ferhalen yn de albums. Guon dêrfan spylje yn it doarpke sels, oare ferhalen bringe de twa nei fiere lannen.
Boppeslach
De Asterix-albums jilde as de bêst-ferkofte rige fan de Jeropeeske soarte fan tekenteltsje-albums. Der binne mear as 350 miljoen albums fan ferkoft yn mear as hundert talen. De boppeslach binne lykwols net de ferhalen. Dat de albums sa goed ferkeapje leit fral oan hoe't de ferhalen ferteld wurde: Goscinny en Uderzo boartsje mei taal en skiednis en tekenings. It wurdt allegear sûnder klam brocht, dat it is altiten de muoite en lês in album nochris en fyn oare grappen dy't de earste kear net opfoelen.
Fryske albums
Fjouwer fan de albums binne ek yn it Frysk útjûn. De oersettings binne fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra, dy't dy om de wille dienen. Earst doe't hja in pear albums ferfryske hienen, kaam it idee dat der faaks wol in útjouwer foar te finen wêze soe.
It earste album wie yn hast fonetysk Frysk skreaun. It wie de tiid ear't de Steatestavering fêststeld waard en guon minsken besochten hoe't it Frysks it bêst skreaun wurde koe. It Frysk fan dit album folge Utstel I. Oberon hie der skynber gjin probleem mei. De oaren binne lykwols fan nei de ynfiering fan de nije stavering, dat de Goljer waard in Galjer, en ek fierders waard de nije standert brûkt.
Utjouwer: Dargaud / Oberon:
- Un ferhaal fon Asterix de Goljer [1978] (Une aventure d'Astérix le Gaulois [1961])
- De gouden sichte [1980] (La serpe d'or [1963])
- De Goaten [1981] (Astérix et les Goths [1963])
Utjouwer: Albert René:
- De grutte kleau [1981] (Le grand fossé [1980])