Assuërus Vegelin van Claerbergen (Rinsumageast, 16 augustus 1735 - Langwar, 15 jannewaris 1820) wie in Frysk politikus.

Syn heit Philip Ernst Vegelin van Claerbergen (1696-1741) wie ofsier, syn mem wie Helena Cunera van Amama (1698-1751). Op 26 oktober 1766 troude hy yn Koarnjum mei Christina Ansk fan Burmania (1747-1817). Syn pake wie Frederik Vegelin fan Claerbergen. De middelste fan harren fiif bern wie Philip Ernst Assuërus Vegelin van Claerbergen (1781-1851).

Fan 21 maart 1763 oant 12 jannewaris 1789 ried yn it Hof fan Fryslân foar de stêden. Fan 13 jannewaris 1789 oant 15 maart 1792 wie er ried oan it Hof fan Fryslân. Hy krige lykwols ûntslach fanwege patriotske sympatyen. Fan 23 juny oant 7 augustus 1795 wie er lid fan de 'Represintanten fan it folk fan Fryslân'. Op 11 juny fan dat jier waard er lid fan it Kommitee ta de Algemiene Saken fan it Bûnsgenoatskip te Lande foar Fryslân en bleau dat oant 16 febrewaris 1798. [1]

Yn 1814 waard hy opnomd yn de Nederlânske adel.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brood, P. e.a. ed., Homines novi. De eerste volksvertegenwoordigers van 1795 (Amsterdam 1993) 228.
  • Haan Hettema, M. de en A. van Halmael, Stamboek van den Frieschen, vroegeren en lateren, adel (2 dln., Ljouwert 1846) I, 393 en II, 273.
  • Schie, H.A.J. van, De archieven van het Comité te Lande 1795-1798 en het Ministerie van Oorlog 1798-1810 (1813) (De Haach, 1979) 21.
  • Vries, O. e.a., De heeren van den raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het hof van Friesland, 1499-1811 (Hilfertsom 1999) 360.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.